Ilona Andrews | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Andrew en Ilona Gordon | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 19?? | |
etnisiteit | Skotsk (Andrew) Russysk (Ilona) | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | fantasy, SF, romantyk | |
bekendste wurk(en) |
Kate Daniels-rige | |
útjouwer | Ace Books Berkley Books Avon Romance Gollancz | |
jierren aktyf | 2005 – no | |
offisjele webside | ||
ilona-andrews.com |
Ilona Andrews is de skûlnamme fan in Amerikaansk troud pear, Andrew en Ilona Gordon, dat tegearre romans en koarte ferhalen skriuwt dy't ta de sjenres fan 'e fantasy, science fiction en romantyske fiksje hearre.
Andrew Gordon is in Amerikaan fan etnysk Skotsk komôf, dy't foarhinne as sersjant yn it Amerikaanske Leger tsjinne. Ilona Gordon waard berne yn Ruslân en emigrearre as tiner nei de Feriene Steaten ta. Wylst se biogemy studearre oan 'e Universiteit fan Westlik Karolina mette se har lettere man, dy't dêr ek studint wie. De Gordons wenje tsjintwurdich yn 'e Amerikaanske steat Teksas en hawwe twa dochters en in grut tal hûnen en katten.
De skriuwkarriêre fan 'e Gordons begûn omtrint 2005, doe't Ilona Gordon de urban fantasy-roman Magic Bites oan it skriuwen wie. Har man holp har yn it begjin wat en rekke geandewei almar mear by it skriuwen belutsen, sadat se úteinlik besleaten om tegearre fierder te wurkjen. Magic Bites wie it earste diel út 'e Kate Daniels-rige fan bestsellers, en waard folge troch in tsiental romans en ferskate novelles en koarte ferhalen yn deselde searje. Dêrnjonken hawwe de produktive Gordons ek de romantyske fiksjerige The Edge skreaun, de searje The Innkeeper Chronicles, wêryn't se fantasy mei science fiction ferminge, en noch ferskate oare searjes.
Jier | Priis | Resultaat | Kategory | Foar |
---|---|---|---|---|
2010 | Romantic Times Reviewers' Choice Award | nominearre | bêste paranormal romance/urban fantasy-roman | Bayou Moon |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |