Jan Hermansz. van Bijlert (Utert, 1597 of 1598 - Utert, novimber 1671) wie in Nederlânsk skilder dy't wol ta de Utertske caravaggisten rekkene wurdt.
Jan van Bijlert wie de soan fan in glêsskilder en gie oan 't wurk yn de wurkpleats fan Abraham Bloemaert yn Utert. Hy reizge nei Frankryk en Itaalje. Yn 1621 wie er yn Rome ien fan de oprjochters fan de Bentvueghels. Yn 1624 wie er werom yn Utert en dêr hat er de rest fan syn libben wenne en arbeide. Yn 1634 waard er regint fan it Sint-Jobsgasthûs.
Bijlert skildere figuerstikken en portretten. Yn 't earstoan wurke er yn in caravaggistyske trant, mar krekt as syn stedgenoat Gerard van Honthorst ferruile er dy letter foar in mear klassisistyske styl.
Under syn learlingen wiene Bartram de Fouchier, Ludolf Leenderts de Jongh, Johannes de Veer, Mattheus Wijtmans en Abraham Willaerts.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Jan van Bijlert fan Wikimedia Commons. |