Jan van Vliet, ek: Janus Vlitius of Johannes de Vliet (Middelburch, 11 april 1620 - Breda, 18 maart 1666), wie in jurist.
Studearre yn Leie filology en rjochten, hie ek grutte teologyske belangstelling; griffier fan Breda.
Foar Fryslân fan belang, omdat hy op in reis troch Fryslân inkele, oars ûnbekende Fryske gedichten notearre en inkele Fryske sprekwurden publisearre yn syn Bredaesche Almanac en Chronijck ( 1664 ) mei in Frysk foaropwurd. Siet ûnder oare yn kontakt mei Franciscus Junius; hie plannen om de âlde Fryske wetten en sprekwurden fan Burmania út te jaan.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|