Japanske Gouden Skiifpriis

Japan Gold Disc Award
日本ゴールドディスク大賞
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Japansk
útrikt foar muzyk
útrikt troch RIAJ
frekwinsje 1x jiers
1e útrikking 1987
offisjele webside
www.golddisc.jp

De Japanske Gouden Skiifpriis of de Japan Gold Disc Award (Japansk: 日本ゴールドディスク大賞) is de namme fan in groepke Japanske prizen dy't sûnt 1987 ienris yn it jier útrikt wurde foar de populêrste muzikale wurken (yn Japan) fan it foargeande jier. De tawizing fan 'e prizen en de útrikkingsseremoanje wurdt fersoarge troch de Recording Industry Association of Japan (RIAJ), dy't de winnende nûmers ek útbringt op ien cd. Foar it bûtenlân is fral de kategory "ynternasjonale artyst fan it jier" ynteressant, dy't û.m. wûn is troch Madonna (5 kear), de Beatles (4 kear), Celine Dion (3 kear) en Mariah Carey (2 kear). Sjoch foar in list fan alle winners fan 'e kategoryen "artyst fan it jier" en "ynternasjonale artyst fan it jier" de list op dizze side, op 'e Ingelske Wikipedy.

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side.