Joanna David (Lancaster, Ingelân, 17 jannewaris 1947) is in Britsk telefyzje-aktrise.
David's earste grutte rol wie dy fan Elinor Dashwood yn de BBC-bewurking út 1971 fan Jane Austen's boek Sense and Sensibility. In jier letter die hja mei oan de telefyzjerige 'Oarloch en Frede', neist ûnder oaren Anthony Hopkins.
Har meast bekende rol is dy fan heldinne yn in telefyzjebewurking fan Daphne du Maurier's roman Rebecca. Tweintich jier letter spile har dochter Emilia Fox deselde rol.
Yn it teater spile David ûnder mear mei Derek Jacobi yn Breaking the Code. Starichoan krige David mear folwoeksen rollen oanbean, bygelyks dy fan Mrs. Edward Gardiner yn de BBC-rige Pride and Prejudice (1995), in telefyzjebewurking dêr't har dochter Emilia ek yn siet as Georgiana Darcy.