Johan Coenraad Braakensiek (Amsterdam, 24 maaie 1858 – dêre, 27 febrewaris 1940) wie in Nederlânske keunstskilder, grafikus en yllustrator.
Braakensiek wie learling fan de skilder David Bles en waard al rillegau boekyllustrator, ûnder oaren foar Uit mijn eigen volk fan Justus van Maurik, foar wa't er ek in prachtige rige fan 12 kleurenlito's foar de omslaggen fan oare boeken makke. Datselde die hy foar de boeken fan C. Joh. Kieviet, de bekende auteur fan jeugdboeken en skepper fan de romanfiguer Dik Trom.
Braakensiek wie boekbânûntwerper foar in tal útjouwerijen. Wiidferneamd waard er troch in mannichte politike platen, dy't er fan 1887 oant 1931 tekene foar De Amsterdammer, dy't yn 1925 De Groene Amsterdammer hjitte soe.
Braakensiek is de pake fan Jan van Oort, dy't as Jean Dulieu ferneamd wurde soe mei syn strips, berneboeken en poppefilms oer Paulus de Boskkabouter. Hy hearde ta de earste leden fan Keunstnersferiening Sint Lucas yn Amsterdam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |