Johannes Albertus Boer

Johannes Albertus (Jo) Boer (Grins, 22 febrewaris 1895 - dêre, 12 febrewaris 1971), yn fakliteratuer meast J.A. Boer neamd, wie in Nederlânsk arsjitekt.

Noarderbad, Grins

Jo Boer wenne en arbeide syn hiele libben in de stêd Grins, dêr't er tusken 1926 en 1956 in grut tal gebouwen ûntwurp. Bygelyks ferskate grutte wenningkompleksen, fral yn de Korrewegwijk. Ta de bekendste dêrfan wurde rekkene de wenten om it Bernouilliplein hinne (1926). Ek it Pythagorascomplex (1930) yn de Oranjewyk is fan syn hân. Fierder ûntwurp Boer yn Grins it Noarderbad (1933) en teater De Beurs (1938) oan it Akerkhof. Syn eigen wen-wurkhûs (1939) oan de Hereweg wie ek fan syn hân. Ek bûten Grins wie Boer acktyf: hy tekene ûnder mear lânhuzen en filla's yn Haren en Snits. Yn Snits ûntwurp er ek it fabryk fan snobbersguodfabrikant Tonnema (1954).

Boer liet him fral ynspirearje troch de Amsterdamske Skoalle en de Nije Saaklikheid. Guon fan syn bouwurken binne oanwiisd as ryksmonumint, ferskate oare stean op de monumintelist fan de gemeente Grins.

Op 12 febrewaris 1971 bedarren Boer en de frou mei de auto yn it Ferbiningskanaal tsjinoer it haadstasjon fan Grins nei in útwykmanoeuvre. It slagge omstanners en de brânwar net om harren te rêden: beide ferlearen it libben.[1][2]

Priuwke fan syn wurk

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Nieuwsblad van het Noorden, 12 febrewaris 1971 - Auto te water bij station: twee doden
  2. Nieuwsblad van het Noorden, 13 febrewaris 1971 - Jongens probeerden echtpaar uit auto in kanaal te halen