Joos de Momper de Jonge (Antwerpen, 1564 – dêre, 5 febrewaris 1635) wie in Súd-Nederlânske keunstskilder fan lânskippen.
Joos de Momper stamme út in skildersfamylje en hy learde it fak fan syn heit Bartholomeus. Der wurdt tocht dat Joos de Momper yn de jierren 1580 in reis nei Itaalje makke hat. Hy troude yn 1590; syn trije soannen waarden ek oplieden ta keunstskilder.
Joos de Momper skildere panoramyske lânskippen yn de Flaamske tradysje, dat de hoarizon leit heech sadat men alles sjocht yn in soarte fan fûgelflecht. Troch kûlisse-eftige opbou en troch it tapassen fan it atmosfearysk perspektyf (brune foargrûn, grien middenplan, blauwe fierten) wurdt djipte yn it skilderij brocht.
Yn syn betide wurk is de ynfloed fan Pieter Brueghel de Alde, Paul Bril en Lodewijk Toeput te fernimmen. Syn lettere wurk wiist foarút nei de monumintale lânskipskomposysjes fan de 17e iuw, mar syn lêste wurk wie wer mear ienfâldiger fan opset; hy skildere doe fral noch doarpsgesichten.