Johanna Katarina (Jopie) Selbach (Haarlim, 27 july 1918 - Zoetermeer, 30 april 1998) wie in Nederlânsk swimster.
Sy die yn 1936 ienris mei oan de Olympyske Simmerpullen. Sy waard yn Berlyn Olympyske kampioene op de 4x100 meter frije slach estafette mei Tini Wagner, Willy den Ouden en Rie Mastenbroek. Yn 1934 yn Magedeburg wie Selbach Europeesk kampioene wurden op itselde ûnderdiel mei Ans Timmermans, Rie Mastenbroek en Willy den Ouden.
Jopie Selbach ferstoar op 30 april 1998, yn 'e âldens fan 79 jier.
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
|
|