Juliet Barker

Juliet R. V. Barker (1958, Yorkshire) is in Britske histoarika. Sy docht fral ûndersyk nei de Midsiuwen en literatuerhistoaryske biografyen. Se is de skriuwster fan in tal boeken oer de susters Brontë, William Wordsworth en it midsiuwske riddertoernoai dy't bot wurdearre wurde.

Barker krige har ûnderjocht oan de Bradford Girl's Grammer School en it St Anne’s College yn Oxford. Ut wurdearring foar har literatuerhistoaryske biografyen skonk de Universiteit fan Bradford har yn 1999 it earedoktoraat literatuerwittenskippen (honorary Doctorate of Letters). Yn 2001 waard se as Fellow yn de Royal Society of Literature opnaam.

Barker is troud en hat twa bern. Se wennet earne yn de súdlike Penninen.

In kar:

  • The Brontës: Selected Poems
  • The Tournament in England: 1100-1400, UK: The Boydell Press (1986)ISBN 0851159427
  • The Brontë Yearbook
  • The Brontës
  • The Brontës: A Life in Letters
  • Charlotte Brontë: Juvenilia 1829-35
  • Wordsworth: A Life
  • Wordsworth: A Life in Letters
  • Agincourt: The King, the Campaign, the Battle (2005), UK: Little, Brown ISBN 034911918X
  • yn 'e mande mei Richard Barber Tournaments: Jousts, Chivalry and Pageants in the Middle Ages
  • The Deafening Sound of Silent Tears: The Story of Caring For Life (2007)
  • Conquest: The English kingdom of France (2009)
  • England Arise: The People, the King and the Great Revolt of 1381 (2014)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]