Kensington (band)

Kensington
band
Kensington yn 2015
Kensington yn 2015
algemiene ynformaasje
nasjonaliteit Nederlânsk
sjongtaal Ingelsk
sjenre Rock
bestean 2005 – no
label(s) Bladehammer,
Universal
âld-leden Lucas Lenselink drums (2005-2007)
leden
Sang &
Gitaar
Casper Starreveld
Gitaar &
Sang
Eloi Youssef
Bas Jan Haker
Drums Niles Vandenberg

Kensington is in Nederlânske rockband oprjochte yn 2005 yn Utert. De band brocht yn 2011 syn debútalbum Borders út. Kensington hat fiif studio-albums en ien live-album útbrocht.

Kensington ûntstie yn 2005 neidat de skoalband Quad útinoar gie, omdat de gitarist de band ferliet. Sjonger-gitarist Casper Starreveld, bassist Jan Haker en drummer Lucas Lenselink besleaten tegearre mei nije gitarist Eloi Youssef fierder te gean as Kensington. Yn 2007 ferliet drummer Lenselink de band; syn ferfanger waard fûn yn Niles Vandenberg, earder fan Griffin. Op 12 novimber 2021 makke de band bekend dat Eloi Youssef de band ferlitte sil. Yn septimber 2022 treedt de band foar it lêst op mei Youssef.

Album Utbrocht op Label Single(s)
Borders 16 july 2010 Bladehammer Youth,
When It All Falls Down,
Let Go
Vultures 11 maaie 2012 Universal We Are The Young,
Send Me Away,
No Way Out,
Don't Look Back,
Home Again
Rivals 8 augustus 2014 Streets,
All for nothing,
War
Control 28 oktober 2016 Do I Ever,
Sorry,
Bridges,
Fiji,
Slice
Time 15 novimber 2019 Bats,
What Lies Ahead,
Uncharted,
Island
Album Utbrocht op Label
Unplugged 16 novimber 2021 Universal