Keystone B-6 | |
---|---|
Rol | Lichte bommesmiter en postfleantúch |
Makker | Keystone Aircraft |
Earste flecht | 1930 |
Yn tsjinst | 1931 |
Tal makke | 5 Y1B-6 + 39 B-6A |
Brûkers | United States Army Air Corps |
De Keystone B-6 wie in twadeks lichte bommesmiter ûnwurpen foar de loftfeartôfdieling fan it Amerikaanske leger, it United States Army Air Corps.
In 1931 ûntfong it United States Army Air Corps fiif tastellen (Y1B-6s) fan de B-6 bommesmiter. De Loftfeartôfdieling bestelde 39 produksjemodellen op 28 april 1931, dy't tusken augustus 1931 en jannewaris 1932 levere waarden.[1]
Tagelyk waarden ek 25 B-4As besteld, itselde tastel mat útrist mei Pratt & Whitney-motors yn stee fan Wright Cyclones. Dy tastellen wien de lêste twadeks bommesmiters mei in houten frame beklaaid mei kanvas dy't it Loftkorps fan it leger besteld hat.
De prestaasjes fan de B-6A ferskilde net folle fan de Martin NBS-1 dy't al yn 1921 oanskaft wiene. De modernere iendeks bommesmiter woe men lykwols lange tiid net oan. Sa wiene de iendekkers Douglas Y1B-7 en Fokker XB-8 oarpronklik ûnwurpen as flugge ferkenningsmasines.
De B-6A en de B-5A wiene earste-liny bommesmiters fan de Feriene Steaten tusken 1930 en 1934. Dêrnei tsjinnen se oant yn de iere jierren fjirtich as ferkenningsfleantugen.
B-6 tastellen waarden, lykas ek in protte oare tastellen fan it Army Air Corps, teffens postfleantúchen brûkt wat útrinne soe yn it Loftpostskandaal fan 1934.
Op 27 desimber 1935 waarden seis B-6 tastellen fan it 23e Bomb Squadron, stasjonearre op Hawaï, ynset om troch in bombardemint de rin fan de lavastream fan de fulkaan Mauna Loa te feroarjen dy't de havenstêd Hilo bedriigde.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Keystone B-6 fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|