Lockheed P-2 Neptune | |
---|---|
Rol | patrûljefleanmasine, ûnderseeboatferkenning en -bestriding. |
Makker | Lockheed |
Earste flecht | 17 maaie 1945 |
Yn tsjinst | Maart 1947 |
Ut tsjinst | 1984 (militêr gebrûk) |
Tal makke | 1.118 (1946-1962) |
Grutste brûkers | United States Navy, Japan, Royal Australian Air Force, Royal Canadian Air Force |
Fariant | Kawasaki P-2J |
De Lockheed P-2V (letter P-2) Neptune wie in maritym langeôfstanspatrûljefleanmasine ornearre foar ûnderseeboatferkenning en -bestriding. It tastel waard troch de firma Lockheed ûntwurpen foar de Amerikaanske marine om de ferâldere typen PV-1 Ventura en PV-2 Harpoon te ferfangen.
Hoewol't in lyts tal tastellen oanpast waard foar it gebrûk fan fleandekskippen ôf, wie it ûntwerp yn it foarste plak gaadlik foar gebrûk fanôf fleanfjilden. De fleanmasine wie in súkses wat eksport oanbelanget en hat (lang) tsjinne yn ferskate kriichsmachten yn de hiele wrâld.
Ek by de Nederlânske Marine Loftfearttsjinst hat de Neptune lange tiid tsjinne. De MLD-tastellen wienen yn it earstoan fan it type P-2V5 (12 stiks yn it tiidrek 1958-1962) en letter fan it type P-2V7 (1962-1984, earst 15, letter oanfold mei fjouwer fan de Frânske marine). De P-2V7's binne letter ferboud ta SP-2H. Se wienen doetiids yndield by 320 en 5 squadron op de basis Valkenburg by Katwyk oan See.[1]
It oarspronklike ûntwerp wie al út de earste jierren fan de Twadde Wrâldkriich, mar rekke fan 1944 ôf yn in streamfersnelling doe't dúdlik waard hoe ienfâldich produksje en ûnderhâld fan it tastel wie. Letter die bliken dat beide faktoaren ek krusiaal wienen by de wrâldwide útfier en by de lange operasjonele libbensdoer fan it tastel.
De earste flecht fan de Neptune wie yn 1945 en de produksje waard al yn 1946 mei úteinset. Yn 1947 waarden de earste Amerikaanske squadrons operasjoneel.
De lettere ferzje fan de Neptune waard ien fan de earste tastellen dy't tagelyk sûgermotoren en strielmotoren hienen.
De firma Lockheed boude yn de rin fan de tiid in grut ferskaat oan ferzjes fan it súksesfolle tastel:
Feiten (P2V-2)[2] | Feiten (P2V-5F) | Feiten (P2V-7) | |
---|---|---|---|
Bemanning: | 7 | 10 | 10 |
Lingte: | 23,8 m | 27,8 m | 27,83 m |
Spanwiidte: | 30,5 m | 31,65 m | 31,65 m |
Hichte: | ? m | ? m | 8,94 m |
Topfaasje: | 515 km/o | 520 km/o | 586 km/o |
Krúsfaasje: | 287 km/o | 333 km/o | 300 km/o |
Fleanberik: | 6.410 km | 7.650 km | 7.000 km |
Tsjinstplafond: | 7.925 m | 7.700 m | 6.830 m |
Gewicht leech: | ? t | 18,9 t | 19,5 t |
Startgewicht: | 28,6 t | 34,5 t | 36,3 t |
Oandriuwing: | 2 stjermotoren Wright R-3350-24W mei 2.090 kW startfermogen | 2 Stjermotoren Wright R-3350-30W fan 2.800 kW en 2 Westinghouse J34-WE-34 strielmotoren |
2 Stjermotoren Wright R-3350-32W Cyclone fan 2.985 kW en 2 Westinghouse J34-WE-36 strielmotors |
Bewapening: | Maks. wapenlading 3.629 kg. Ophingpunten foar net-late loft-grûn-raketten ûnder de fleugels, Bommebuis foar djiptebommen, torpedos en seeminen |
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Lockheed P-2 fan Wikimedia Commons. |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|