Marsum

Marsum
Poptaslot
Poptaslot
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân Fryslân
Gemeente De Waadhoeke
Sifers
Ynwennertal 1.035 (1 jannewaris 2023)
Oerflak 7,38 km², wêrfan:
- lân: 7,24 km²
- wetter: 0,14 km²
Befolkingsticht. 145 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 12' N 5° 39' E
Offisjele webside
Side Marsum
Kaart
Marsum (Waadhoeke)
Marsum
Dizze side giet oer it doarp Marsum yn Fryslân. Foar it doarp Marsum yn Grinslân, sjoch: Marsum (Grinslân).

Marsum is in doarp beëasten Menaam yn de gemeente Waadhoeke. Mei't Ljouwert hieltiten mear útwreidet leit Marsum noch mar in pear kilometer fan de stêd. By Marsum heart ek de buorskip Ritsumasyl.

It doarp hat 1.035 (1 jannewaris 2023) ynwenners.

States om Marsum

Marsum ûnstie op in terp dy't al foar de jiertelling bewenne waard. Mooglik hat dy terp mar foar in skoftke bewenne west. Om it jier 1000 hinne waard it plak in krúspunt fan de seedyk nei Boalsert en in seedyk, dy't de Middelsee foar in part ôfslette. De Pontianustsjerke datearret fan 'e 12e iuw.

It doarp waard yn 1275 al as 'Mersum' skreaun en yn 1471 as 'Marssum'. De stavering 'Marsum' wurdt yn de 18e iuw foar it earst skreaun. De plaknamme soe ferwize kinne nei in wenplak (hiem/um) by in breed wetter. Mar it soe ek ferwize kinne nei de persoan 'Mer', al is dat net sa oannimlik.

Troch de iuwen hinne groeide Marsum stadichoan. Yn de 15e iuw waard súdlik fan it doarp troch de Heringa's it Poptaslot of Heringaslot boud. Sûnt de 20e iuw leit it Poptaslot yn it doarp sels. De eartiidske haven fan Marsum bestiet net mear, allinne de strjitnamme ferwiist dêr noch nei.

Yn 1984 waard it noardeastlike bûtengebiet fan Marsum by Ljouwert foege, sadat de fleanbasis hielendal yn ien gemeente falt. It gebiet tusken Marsum, Deinum, Boksum en Ritsumasyl is yn 2018-2019 rekréatyf ferbettere. Tusken de doarpen is it Boksumer Soal befarber makke, der binne haventsjes kommen en by Marsum is sels in stikje strân oanlein.[1]

Monumintale kastanjebeam by it Poptaslot

Oant 1 jannewaris 2018 lei Marsum yn de gemeente Menameradiel. Sûnt dy tiid is Marsum ien fan de meast eastlike doarpen fan de gemeente Waadhoeke.

It doarpshûs Nij Franjum is it hert fan Marsum. De feriening foar Doarpsbelang is yn 1970 oprjochte. Ienris yn it jier is de ferkiezing fan 'Marsumer fan it Jier', dy't dan de Fergulde Biezem útrikt krijt. De Marsumers waarden tradisjoneel foar strontbiezums (of keallekoppen) útskolden. Yn de 'Nieuwskuier' stiet it pleatslik nijs. Unia is it sportkompleks oan de Veemanstrjitte.

Yn it twadde wykein fan septimber wurdt tradisjoneel de Marsumer Merke organisearre. De aktiviteiten wurde op en om it keatsfjild holden.

It is yn Marsum wenst om by de berte fan bern tusken 08:30-08:40 oere de klok te lieden (by in jonkje twa klokken, by in famke de earst fiif minuten de lytsere klok en dêrnei beide klokken). By ferstjerren wurdt de klok tusken 19:05-19:15 oere let (by in man twa klokken, by in frou earst de lytsere klok en dêrnei ek beide klokken).[2]

Poptagasthûs
Pontianustsjerke
De Wikipedy hat ek in side Pontianustsjerke (Marsum).

Tsjerklik heart it protestantske diel fan it doarp de PKN-gemeente Bitgum-Bitgumermole-Ingelum-Marsum. De Pontianustsjerke is tsjintwurdich ûnderbrocht yn de Stifting Behâld Pontianustsjerke Marsum.

(Sjoch foar de meast aktuele ynformaasje oer ferienings op de hiemside)

Befolkingsferrin

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Jier 1840 1954 1959 1964 1969 1974 2004 2007 2013
Ynwenners 588 1103 1069 1111 1306 1474 1020 1157 1070
Jier 2015 2020
Ynwenners 1050 1045

(Boarnen: 1840: Plaatsengids, 2013, 2015 en 2020: Alle Cijfers.)

Berne yn Marsum

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Marsumermûne
  • De Sint-Pontianustsjerke is in oarspronklik út de 12e iuw datearjend tsjerkegebou.
  • Yn it doarp stiet it Poptaslot of Heringastate, oarspronklik in stins dy't om 1500 hinne troch de famylje Heringa boud is. It gebou hat unike bedsteeën út 1540 en in 17e - en 18e iuwsk ynterieur dy't besjoen wurde kinne by de rûnliedings yn de simmermoannen.
  • Oan 'e Hegedyk en de Buorren stiet it Poptagasthûs, dat de status fan ryksmonumint hat.
  • Súdwestlik fan it doarp stiet de yn 1888 boude poldermole Terpsicht, de lytste spinnekopmole fan Nederlân.
  • Justjes bewesten Marsum stiet de Marsumermûne, in muonts út 1903.

Alle strjitten yn Marsum.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: