Mel Torme | ||
sjonger en/of muzikant | ||
Mel Tormé (1979) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Melvin Howard Tormé | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 13 septimber 1925 | |
berteplak | Chicago | |
stoarn | 5 juny 1999 | |
stjerplak | Los Angeles | |
wurkpaad | ||
sjenre | jazz | |
sjongtaal | Ingelsk | |
ynstrumint | drums | |
grutste hit(s) | The Christmas Song | |
jierren aktyf | 1929-1996 |
Melvin Howard Tormé (Chicago, 13 septimber 1925 - Los Angeles, 5 juny 1999), ek wol The Velvet Fog neamd, wie in Amerikaansk muzikant dy't ferneamd is fanwege syn jazzsjongen. Hy wie ek jazzkomponist en -arranzjeur, drummer, akteur en auteur fan fiif boeken. Hy skreau it nûmer "The Christmas Song" (ek "Chestnuts Roasting on an Open Fire", yn it Frysk 'kastanjes rusterje op iepen fjoer') mei Robert Wells.
Tormé hie allochtone, Russysk-Joadske âlden mei de efternamme Torma. Dy namme waard lykwols feroare yn Tormé. Hy song foar it earst as berops, doe't er fjouwer jier wie, mei it Coon-Sanders Orkest yn in restaurant ("You're Driving Me Crazy" (Frysk: "Ik wurdt mâl fan dy"). Tusken 1933 en 1941 trede er op yn ferskate radioprogramma's. Hy skreau syn earste nûmer Lament to Love doe't er 13 wie; it waard trije jier letter útbrocht. As tsiender song, arranzjearre en drumde er. Hy drumde yn in band laat fan Chico Marx (fan de Marx Brothers).