Melkfeehâlderij

In melkfeehâlderijbedriuw yn súdeastlik Estlân.

De melkfeehâlderij is in tûke fan 'e lânbou wêrby't domestisearre fee holden wurdt troch boeren mei as doel om troch geregeld melken molke te krijen. Dat kin dan sels ferwurke wurde, of it kin foar bewurking ferkocht wurde oan in molkfabryk. De út 'e ferwurking resultearjende suvelprodukten binne bedoeld foar minsklike konsumpsje. Hoewol't ek skiep, geiten, hynders, ezels, kamielen, wetterbuffels en jaks foar de molke holden wurde, doelt men, alteast yn Fryslân, mei de term 'melkfeehâlderij' ornaris op it hâlden fan kij. De melkfeehâlderij hat in lange skiednis trochmakke fan hânmelken oant de melkrobot. Benammen yn 'e lêste iuw hawwe de ûntwikkelings inoar yn heech tempo opfolge.

Hoewol't kij al yn it njoggende milennium f.Kr. domsestisearre waarden as itensboarne, datearret it ierste bewiis foar it brûken fan domestisearre kij om te melken út it sânde milennium f.Kr., it iere Neolitikum, yn it noardwesten fan Lyts-Aazje. Yn 'e folgjende milennia ûntjoech de melkfeehâlderij him as in tûke fan 'e lânbou yn oare dielen fan 'e wrâld: yn it sechsde milennium f.Kr. yn East-Jeropa; yn it fyfde milennium f.Kr. yn Afrika en yn it fjirde milennium f.Kr. yn Midden-, Noardwest- en Noard-Jeropa en op 'e Britske Eilannen.

In frou hânmelkt in ko.
troch Karel Dujardin

Pas sûnt de njoggentjinde iuw binne der lykwols gruttere boerebedriuwen ûntstien dy't har folslein op 'e melkfeehâlderij talizze. Yn 'e tiid foar't moderne konservearringsmetoaden fan molke útfûn waarden, wie grutskalige melkfeehâlderij inkeld útfierber as der grutte hoemannichten molke nedich wiene foar de produksje fan langer hâldbere foarmen fan suvel, lykas tsiis en bûter, of as der deunby in grutte merk bestie fan lju dy't op deistige of semy-deistige basis molke nedich wiene mar sels gjin kij holden. Yn 'e earste helte fan 'e njoggentjinde iuw riddenearre de foaroansteande Dútske ekonoom Johann Heinrich von Thünen dat der in straal fan likernôch 160 km om in grutte stêd hinne bestie dêr't sa'n befoarrieding mei farske molke ekonomysk libbensfetber wie.

Melken waard tûzenen jierren lang mei de hân dien. Dêrfoar pleatste de melker, yn 'e regel de boer, in boere-arbeider of in saneamde komelker, in melkamer ûnder it jaar fan 'e ko, wêrnei't er njonken de ko sitten gie yn 'e hoksen, op in los, leech, houten melkerskrukje of op in saneamde tuolle, in soarte fan ienpoats krukje dat mei in rym om 'e mul gaspe wurde koe. Hy naam dan in oer fan 'e ko yn eltse hân en kniep de fingers ien foar ien gear, fan boppen nei ûnderen, dus begjinnend mei de wiisfinger en einigjend mei de pink. Troch dy beweging waard in strieltsje molke út it oer yn 'e amer knypt. Dy beweging waard oanhâldend en yn heech tempo werhelle oant de beide fearnen fan it jaar leech wiene, wêrnei't de oare beide oeren oan 'e beurt wiene. Om sa te melken wie tige arbeidsyntinsyf, wat skaalfergrutting yn 'e melkfeehâderij lange tiid tsjinhold, ek nei't der metoaden útfûn wiene om 'e molke langer goed te hâlden, lykas pasteurisaasje.

Demonstraasje fan in nije melkapparaat yn 'e DDR, yn 1952.

Yn Fryslân waard de molke iuwenlang op 'e boerebedriuwen sels troch boerinnen yn 'e molkenkelder ta suvelprodukten bewurke. Yn 'e twadde helte fan 'e njoggentjinde iuw kamen de earste molkfabriken op, en sûnt waard de molke troch in saneamde molkrider by de boeren ophelle om yn molkbussen nei it fabryk brocht te wurden. Oant fier yn 'e 1970-er jierren waard soks dien mei in trekker mei in platte wein derefter. Pas tsjin 'e ein fan dat desennium waard dêrfoar yn Fryslân foar it earst in tankwein ynset. De molkbussen rekken doe yn ûnbrûk.

Yn 'e iere tweintichste iuw kamen yn 'e Feriene Steaten de earste melkmasines yn gebrûk. Yn Fryslân waard de melkmasine pas foar it earst yn 'e 1950-er jierren yntrodusearre. De earste melkmasines wiene elektryske apparaten dy't op melkamers pasten en oer fakuumsûgers beskikten dy't om 'e oeren fan 'e ko hinne dien waarden. De molke waard dan troch it apparaat út 'e ko sûgd en kaam yn 'e amer telâne, dy't neitiid hânmjittich yn in molktank lege waard. In folgjende stap wie in apparaat mei in eigen molkereservoir, dat oan in learene bân om 'e rêch fan 'e ko hongen waard, sadat it bist him ûnder it melken frij bewege koe sûnder dat er de melkamer omskoppe koe. It molkreservoir moast nei it melken noch altyd hânmjittich yn 'e tank lege wurde.

In draaimelkstâl.

Dêrnei waard de melklieding útfûn, in metalene buis dy't oer de kowestâlen hinne rûn, en dêr't it melkapparaat mei in rubberne slang oan befêstige wurde koe. De molke waard doe streekrjocht fan 'e ko fia de melklieding nei de molktank ta pompt. It wie dit systeem dat de measte Fryske boeren yn 'e 1970-er jierren oanskaften. Dit soarge foar in grutte arbeidsbesparring en makke, yn 'e mande mei ekonomyske faktoaren, in hommelse skaalfergrutting fan 'e melkfeehâlderij mooglik. Wylst de kij foarhinne yn it bûthús op in tradisjonele gropstâl holden waarden, begûn men tsjin 'e ein fan 'e 1970-er jierren yn Fryslân foar it earst saneamde lisboksstâlen te setten. Dat binne frijsteande stâlgebouwen, yn 'e regel efter in pleats, dêr't de kij frij omrinne kinne op in flier fan roasters mei skreven dêr't de dong en jarre trochhinne falle yn in djippe jarrekolk dêrûnder. Yn lisboksstâlen koene folle mear kij holden wurde, en yn 'e ynboude of oanboude melkstâl koene se flugger molken wurde.

De melkstâl hie faak de foarm fan in melkput, wêrby't de kij oan wjerskanten op 'e 'normale' flier stiene om molken te wurden, wylst yn 'e midden de flier in meter leger wie, sadat de melker op 'e hichte fan 'e jaren stie en him by it melken net mear allegeduerigen hoegde te bûgen. In oare ûntwikkeling wie de draaimelkstâl of melkkarûssel, wêrby't de kij op in stadich draaiende skiif stappe om molken te wurden en by de boer lâns draaie, sadat dy gjin tiid mear ferdocht mei hinne en wer rinnen. In folgjende logyske stap wie de útfining fan 'e melkrobot, wêrmei't ek it skjinmeitsjen fan it jaar foar it melken en it ûnderhingjen en ôfheljen fan 'e sûgers automatisearre waard.

In melkrobot.

Hjoeddeistige sitewaasje

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Tsjintwurdich stiet de melkfeehâlderij foar grutte útdagings, benammen op it mêd fan it miljeu. Sa draacht de sektor troch de útstjit fan û.m. metaan en ammoniak yn 'e trochgong fan 'e kij by oan it broeikaseffekt en de klimaatferoaring. Oare swierrichheden hawwe te krijen mei it gebrûk fan groeihormoanen (no fierhinne beheind ta de Feriene Steaten), mei útbraken fan 'e saneamde 'gekkekowesykte' BSE, tongblier en oare besmetlike oandwanings, mei de ôffier fan dong en jarre, en mei bistewolwêzen.

Yn Nederlân wiene yn 2009 likernôch 20.000 melkfeehâlders aktyf. Der wurdt rûsd dat dêrfan yn 2019 troch oanhâldende skaalfergrutting en automatisearring noch mar sa'n 10.000 oer binne. It Holstein-Friesian-koweras is wrâldwiid fierwei it meast brûkte melkfeeras. Ek de Jersey wurdt in soad molken, mar kij fan dat ras hawwe in heech fetgehalte en binne dêrom yn Jeropa minder populêr. Beide rassen binne lykwols 'melktypysk'; d.w.s. dat se in meagere lichemsbou hawwe en in genetyske oanlis om in soad molke te produsearjen.

Grutste molkeprodusearjende lannen

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

De grutste kowemolkeprodusint fan 'e wrâld wurdt foarme troch de Feriene Steaten, wylst de grutste kowemolkeeksporteur Nij-Seelân is, en de grutste kowemolkeymporteur de Folksrepublyk Sina. De Jeropeeske Uny (ynkl. it Feriene Keninkryk) produsearre yn 2013 158.800.000 ton rauwe molke, wêrfan 96,8% kowemolke. It grutste molkeprodusearjende lân fan 'e Jeropeeske Uny wie yn 2009 Dútslân, mei 28.691.000 ton, folge troch Frankryk mei 24.218.000 ton en it Feriene Keninkryk mei 12.237.000 ton. Nederlân folge op it sechsde plak mei 11.469.000 ton. Yn 'e Feriene Steaten binne de fiif grutste molkeprodusearjende steaten Kalifornje, Wisconsin, New York, Idaho en Pennsylvania.

Holstein-Friesians yn 'e greide op in melkfeehâlderij-bedriuw yn Nij-Súd-Wales.
De produksje fan kowemolke nei steat yn 'e Feriene Steaten (2016).
Totale mondiale molkeproduksje 2009
(ynkl. molke fan kij, wetterbuffels, geiten, skiep en kamielen)
# lân produksje (yn ton)
1 Yndia 110.040.000
2 Feriene Steaten 85.859.000
3 Sina 40.553.000
4 Pakistan 34.362.000
5 Ruslân 32.562.000
6 Dútslân 28.691.000
7 Brazylje 27.716.000
8 Frankryk 24.218.000
9 Nij-Seelân 15.217.000
10 Feriene Keninkryk 13.237.000
11 Itaalje 12.836.000
12 Turkije 12.542.000
13 Poalen 12.467.000
14 Oekraïne 11.610.000
15 Nederlân 11.469.000
16 Meksiko 10.931.000
17 Argentynje 10.500.000
18 Austraalje 9.388.000
19 Kanada 8.213.000
20 Japan 7.909.000

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.