Nikolaj Valerjevitsj Doerov (Russysk: Николай Валерьевич Дуров; sekuerdere transliteraasje: Nikolaj Valjer'jevič Durov; 21 novimber 1980) is in Russyske kompjûterprogrammeur en wiskundige. Hy is de âldere broer fan Pavel Doerov, mei wa't er tegearre it sosjale netwurk VK[1] en letter Telegram[2] oprjochte hat.
Yn 1996, 1997 en 1998 die Doerov mei oan de Ynternasjonale Wiskunde Olympiade, wêrby't er in gouden medalje wûn yn alle trije wedstriden dêr't er oan meidie.[3] Yn 1995, 1996, 1997 en 1998 wûn er in gouden en trije sulveren medaljes yn de Ynternasjonale Ynformatika Olympiade.[4]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |