Noardburgum

Noardburgum
Untginningspleats Groot Veldlust
Untginningspleats Groot Veldlust
Emblemen
               
Bestjoer
Lân flagge fan Nederlân Nederlân
Provinsje Fryslân
Gemeente Tytsjerksteradiel
Sifers
Ynwennertal 2.290 (1 jannewaris 2023)[1]
Oerflak 10,49 km², wêrfan:
- lân: 10,18 km²
- wetter: 0,31 km²
Befolkingsticht. 234 ynw./km²
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 13' N 6° 00' E
Lokaasje Noarburgum yn de gemeente Tytsjerksteradiel
Lokaasje Noarburgum yn de gemeente Tytsjerksteradiel
Offisjele webside
Side Noardburgum
Kaart
Noardburgum (Fryslân)
Noardburgum

Noardburgum (by âldere minsken ek bekend as Burgerheide) is in doarp yn de gemeente Tytsjerksteradiel.

Lykas de namme al oanjout leit Noardburgum benoarden Burgum, eastlik fan Hurdegaryp tusken Ljouwert en Grins oan de N355 .

In diel fan de buorskippen Kûkherne en Quatrebras falle ûnder Noardburgum.

Noardburgum hat 2.290 (1 jannewaris 2023)[2]

Noardburgum is yn de 19e iuw ûntstien tusken de Burgumer Heide en Haersma's Bosk. It wie part fan it doarp Burgum, oant it yn 1930 in selsstannich doarp waard.

Yn de jierren 1990 is it tal ynwenners bot tanaam en sûnt heart Noardburgum ta de gruttere plakken fan Tytsjerksteradiel.

Doarpshûs en pjutteboartersplak

Der is in feriening foar Doarpsbelang, dy't gearkomt yn it doarpshûs 'De Balstien' oan de Van Cronenburgwei, dêr ek it pjutteboartersplak 'Krobbenêst' ûnderbrocht is. De stifting Feestkommisje '50 soarget foar festiviteiten. Tsien kear yn 't jier ferskynt doarpskrante "Heidepraat". Nij Toutenburch is it fersoargingshûs oan de Simmerwei.

PKN-tsjerke

It doarp hat trije tsjerken.

De kristlike basiskoalle Immanuel en iepenbiere basisskoalle De Oerstek binne sûnt augustus 2019 tegearre gien.

  • Fûgelwacht Noardburgum
  • Fuotbalferiening Noardburgum
  • Iisklup Eensgezindheid Noardburgum - iisklup
  • Basketbalferiening Noardburgum
  • Skaakklup NEO
  • Skouting De Twirre
Byld fan Marijke
(David van Kampen, 1976)
  • Abe Brouwer (1901-1985); skriuwer. It nei him neamde Abe Brouwerpaad waard troch himsels mei syn bruorren oanlein.
  • Nyk de Vries (1971-); skriuwer en muzikant

Alle strjitten yn Noardburgum.

Iepenbier ferfier

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
  • Koonstra e.A. "Noordbergum in woord en beeld" (1985)

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Tytsjerksteradiel
Doarpen en útbuorrens:
AldtsjerkBurgumEarnewâldEastermarFeanwâldsterwâl (foar in part)GarypGytsjerkHurdegarypJistrumMûneinNoardburgumOentsjerkRyptsjerkSumarSuwâldTytsjerkWyns
Buorskippen:
Bartlehiem (foar in part)De JoereGytsjerksterhoekeIt HeechsânIniaheideKûkherne (foar in part)Lytse GeastNoardermarQuatrebrasSigerswâldSkûlenboarchSumarreheideTergrêftIt WytfeanSânhuzenSwarteweisein
· · Berjocht bewurkje