Olof van der Meulen

Olof van der Meulen
sporter
persoanlike bysûnderheden
echte namme Roelof Antonius ( Olof ) van der Meulen
nasjonaliteit Nederlânsk
bertedatum 8 novimber 1968
berteplak Snits
etnisiteit Frysk
lingte 2,02 m
gewicht 90 kg
sportive ynformaasje
sport Follybal
O.S. Barcelona 1992,
Atlanta 1996
debút 1986
karriêre-ein 2004
wichtige prestaasjes
1x goud Olympyske Spullen 1996
1x sulver Olympyske Spullen 1992

Roelof Antonius (Olof) van der Meulen (Snits 8 novimber 1968) is in eardere Frysk follybalspiler en heart ta de gouden generaasje dy't yn 1996 Olympysk kampioen follybal waard yn Atlanta. Olof van der Meulen wie ien fan de spilers dy't meidie oan it Bankrasmodel, dat model brocht de spilers ta twa medaljes op de Olympyske Spullen.

Olof van der Meulen die twa kear mei oan de Olympyske Spullen. Yn 1992 waard hy by de Olympyske Simmerspullen yn Barselona mei it Nederlânsk team twadde efter Brazylje. Fjouwer jier letter wie hy lid fan it Nederlânsk team dat goud ferovere yn Atlanta troch Itaalje yn de finale te ferslaan. Yn totaal hat Olof van der Meulen 261 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.[1]

Nei syn aktive karriêre as follyballer waard Olof van der Meulen follybaltrainer. Hy hat ferskate follybalferienings traind, sa hat hy ek de Fryske follybalklup VC Snits traind. Op 16 jannewaris 2005 hat er de gouden bûnsspjelde fan de NeVeBo krigen út hannen fan syn âld-kollega Jan Posthuma.[2]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. [1] Ynterlannen oersjoch NeVeBo
  2. [2] Van de Goor en Van der Meulen onderscheiden, nu.nl, 16 jannewaris 2005