Paul Panhuysen | ||
![]() | ||
Paul Panhuysen | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Paul Panhuysen | |
nasjonaliteit | ![]() | |
berne | 21 augustus 1934 | |
berteplak | Borgharen | |
stoarn | 29 jannewaris 2015 | |
stjerplak | Eindhoven | |
wurkpaad | ||
berop/amt | komponist | |
aktyf as | fisueel- en lûdskeunstner | |
prizen | Gerrit Bennerpriis (2011) |
Paul Panhuysen (Borgharen, 21 augustus 1934 - Eindhoven, 29 jannewaris 2015) wie in komponist en in fisueel- en lûdskeunstner. Hy hat it Apollohûs oprjochte. It Apollohûs hat aktiviteiten organisearre fan 1980 oant 2001 wêrfan yn It Apollohûs oant foarjier 1997, dêrnei noch aktiviteiten op oare lokaasjes en in oantal publikaasjes. Yn it Apollohûs makken inkele keunstners lûdskeunstynstallaasjes en lûdsskulptueren. Der wienen ek konserten mei frije ymprovisaasje, eksperimintele en elektroanyske muzyk. Wie yn de jierren sechtich aktyf yn Fryslân. Hy wie fan 1963 oant 1965 direkteur fan de Ljouwerter keunstakademy Vredeman de Vries en siet yn it keunstnerskollektyf Bende van de Blauwe Hand.
Panhuysen makke lûdskeunst en wie bekend om syn snaarynstallaasjes. Hy eksposearre oer de hiele wrâld. Krige yn 2012 de Gerrit Bennerpriis foar syn hiele oeuvre.
Panhuysen folge in Monumintaal en Autonome Keunstoplieding oan de Jan van Eyck Akademy (1954-1959). Dêrnei folge hy Sosjology en in Keunstoplieding oan de Utertske Universiteit (1957-1961). As keunstner, muzikant, kurator, sosjolooch en keunstteoretikus wurke hy binnen de streamingen fan Abstrakt-ekspresjonisme (oant 1964), Minimal art (oant 1966) en Performance art (oant no).[1]
It wurk fan Panhuysen is tige breed en syn doel is altiten om mei te wurkjen oan de ferbettering fan it deiske libben fan minsken. Dêrom hat er inkele eveneminten organisearre, wêrûnder de Road Block yn Veendam (1970) om bern op in strjitte sûnder auto's boartsje te litten. Fierder wie er direkteur fan de Keunstniverheidsskoalle ‘Vredeman de Vries’ yn Ljouwert (1962-1964), edukaasjemeiwurker yn it Gemeentemuseum De Haach (1966), en Edukaasje- en PR ôfdielingslieder fan it Van Abbemuseum yn Eindhoven (1966-7).[2]
Panhuysen hat de maatskiplike belutsenheid en eksperimintele keunst yn syn wurk yntegrearre. Hy hat De Bende van de Blauwe Hand[3] oprjochte (1965) en hy organisearre it Museumfeest yn it Van Abbemuseum (1967) mei in rekord fan 1.200 besikers. Letter hat hy de “Free Community of the Global City of Peace and Pleasure” (1967-8), de “Maciunas Ensemble” (1968-), en It Apollohûs yn Eindhoven (1980-2001) oprjochte en laat.
De bekendste lûdsynstallaasjes fan de keunstner binne mei snaren makke dy't op ferskillende manieren oer romten spand binne en dy't syn troch de keunstner mei syn mei hars bedekte fingers bespile wurde as in soarte strykstôk. Paul Panhuysen hat inkele muzykalbums publisearre, Lost for Words en Partitas for Long Strings en is lid fan it Maciunas Ensemble, neamd nei George Maciunas fan Fluxus. Dêrneist hat hy wurke mei Arnold Dreyblatt, Ellen Fullman, en Remko Scha.
Panhuysen hat lid west fan de Beropsferiening fan Byldzjende Keunstners (BBK) en hat de fakbûnen OBK en VBBKZN (1969-1981) oprjochte. Hy hat asartist-in-residence yn de Exploratorium, San Francisco, USA (1993), it Yellow Springs Institute,[4] Chester Springs, USA (1994), en it Aomori Contemporary Art Centre,[5] Aomori, Japan (2002) west. Paul Panhuysen waard riddere mei de Oarder fan de Nederlânske Liuw (1998).[6]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|