Paulette Jordan | ||
politikus | ||
echte namme | Paulette Jordan | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
bertedatum | 1978 | |
berteplak | Plummer (Idaho) | |
etnisiteit | Keur d'Alêne | |
partij | Demokratyske Partij | |
lid fan it Hûs fan Offurdigen fan Idaho | ||
amtsperioade | 2014 – no | |
foargonger | Cindy Agidius | |
opfolger | noch ûnbekend |
Paulette Jordan (Plummer (Idaho), 1978) is in Amerikaansk aktiviste, bestjoerster en politika fan etnysk Yndiaansk komôf. Hja is in lid fan 'e Keur d'Alêne Stamme, en hat sûnt ein 2014 in sit yn it Hûs fan Offurdigen fan Idaho.
Jordan waard yn 1978 berne yn Plummer, it haadplak fan it Keur d'Alêne Yndianereservaat yn 'e panhandle fan 'e Amerikaanske steat Idaho. Hja is in etnyske Keur d'Alêne-Yndiaanse en in lid fan 'e Keur d'Alêne Stamme, dat in federaal erkende Yndiaanske stamme-organisaasje is. Hja slagge yn 1998 cum laude foar har eksamens oan 'e jezuïtyske Gonzaga Preparatory School yn Spokane, en studearre yn 2003 ôf oan 'e Universiteit fan Washington yn Seattle, mei bachelortitels yn kommunikaasjekunde, ferlykjende letterkunde en Yndiaanske stúdzjes.
Jordan tsjinne trije jier lang as lid fan 'e Stammeried (it bestjoerend lichem) fan 'e Keur d'Alêne Stamme, en wie as sadanich it jongste lid ea. Fierders is se siktaris fan 'e Nasjonale Yndiaanske Kasinoferiening (National Indian Gaming Association) en sit se yn it bestjoer fan ferskate private organisaasjes op it mêd fan feteranesoarch en erfskipsbehâld. Hja wie ien fan 'e oprjochters fan 'e frijwilligerswurkgroep fan Post 5, in feteranetehûs yn har wenplak Plummer. Ek siet Jordan yn it countybestjoer fan Benewah County. En as lid fan 'e Demokratyske Partij hie se sit yn it nasjonaal komitee fan 'e Jonge Demokraten fan Idaho en waard se twaris as folmacht foar Idaho nei de Demokratyske Nasjonale Konvinsje ta stjoerd.
Yn 2012 stelde Jordan har ferkiesber foar in sit yn it Hûs fan Offurdigen fan Idaho. Dêrby waard se lykwols troch de Republikeinske kandidate Cindy Agidius ferslein mei 10.083 stimmen (50,3%) tsjin 9.960 (49,7%). Yn 2014 wie Jordan lykwols op 'e nij de Demokratyske kandidate, en diskear fersloech se Agidius mei 7.371 stimmen (51,8%) tsjin 6.847 (48,2%). Sadwaande fertsjintwurdiget Jordan sûnt 4 desimber 2014 kiesdistrikt 5A yn it Hûs fan Offurdigen fan Idaho. Yn dy hoedanichheid hat se sit yn 'e steatskommisje oangeande steatssaken, de steatskommisje oangeande it bedriuwslibben en de steatskommisje oangeande enerzjy, miljeu en technology. Jordan wennet yn Plummer mei har man en twa soannen en hat as foarnaamste hobby hynsteriden.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |