Pieter Lodewijk Tak

Pieter Lodewijk Tak (Jan Veth)

Pieter Lodewijk Tak (Middelburch, 24 septimber 1848 - Duinvliet (bûtenpleats by Domburch), 26 augustus 1907) wie foarsitter fan de SDAP en haadredakteur fan Het Volk.

Tak wie soan fan in rintmaster yn Middelburch, dêr't er nei in mislearre rjochtenstúdzje sjoernalist waard by in pleatslike krante. Hy wie befreone mei Floor Wibaut en beide Middelburgers lutsen nei de haadstêd. Tak skreau dêr foar De Amsterdammer en letter foar Het Volk. Fan dy sosjalistyske partijkrante waard er yn 1903 haadredakteur, neidat it partijbestjoer Piter Jelles Troelstra út dizze funksje setten hie. Fan 1905 oant syn iere dea wie hy boppedat partijfoarsitter, keamerlid foar it kiesdistrikt Frjentsjer en gemeenteriedslid fan Amsterdam.

  • Gilles W. Borrie - Pieter Lodewijk Tak (1848-1907), Journalist en politicus. Een gentleman in een rode broek. Aksant, Amsterdam, 2006. ISBN 90-5260-202-6

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]