Planet of the Apes | ||
tillefyzjesearje | ||
(Omslach fan 'e dvd yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
betocht troch | Pierre Boulle | |
ûntwikkele troch | Anthony Wilson | |
produsint | Stan Hough | |
útfierend produsint |
Herbert Hirschman | |
basearre op | La Planète des singes fan Pierre Boulle | |
muzyk | Lalo Schifrin Earle Hagen Richard LaSalle | |
tillefyzjestudio | 20th Century Fox Television | |
distribúsje | 20th Century Fox | |
spilers | ||
haadrollen | Ron Harper James Naughton Roddy McDowall Mark Lenard Booth Colman | |
skaaimerken | ||
foarm | live-action | |
sjenre | science fiction | |
seizoenen | 1 | |
jierren | 1974 | |
tal ôfl. | 14 | |
spyltiid (ôfl.) | 50 min. | |
lân/lannen | Feriene Steaten | |
taal | Ingelsk | |
besibbe searjes | Return to the Planet of the Apes |
Planet of the Apes is in Amerikaanske tillefyzjesearje út 1974 dy't ien seizoen rûn. De titel betsjut eins "Planeet fan 'e Minskapen", mar wurdt ornaris oerset as "Planeet fan 'e Apen". De searje makket diel út fan 'e Planet of the Apes-franchise en is basearre op 'e science fiction-roman La Planète des singes, fan 'e Frânske skriuwer Pierre Boulle, út 1963, en op 'e film Planet of the Apes, út 1968. De searje folget de aventoeren fan twa Amerikaanske astronauten, dy't mei harren romteskip delstoarte op in takomstige Ierde dêr't minskapen it foar it sizzen hawwe, wylst primitive minsken as bisten yn 'e wyldernis libje. De haadrollen waard fertolke troch Ron Harper, James Naughton en Roddy McDowal, mei Mark Lenard en Booth Colman as de antagonisten. Omreden fan minne sjochsifers waard de searje al nei in heal seizoen stopset.
Nei it súkses fan 'e filmklassiker Planet of the Apes, yn 1968, waard by filmstudio 20th Century Fox al yn 1971 troch filmprodusint Arthur P. Jacobs it idee fan in tillefyzjesearje op basis fan 'e film op 't aljemint brocht. Fox stie dêr net ûnwillich foaroer, mar troch it súkses fan 'e úteinlik fjouwer ferfolchfilms waard de produksje fan in searje foarearst op 'e lange baan skood. De bedoeling wie om der wurk fan te meitsjen nei de premiêre fan 'e fjirde ferfolchfilm, Battle for the Planet of the Apes. Der ûntstie lykwols nije fertraging doe't Jacobs koart nei it útkommen fan Battle for the Planet of the Apes yn juny 1973 hommels kaam te ferstjerren. Syn erven ferkochten alle rjochten op 'e Planet of the Apes-franchise, dy't yn 'e hannen wiene fan Jacobs syn produksjemaatskippij APJAC Productions, oan Fox.
Dêrop ferkocht Fox it rjocht om 'e earste trije films, Planet of the Apes, Beneath the Planet of the Apes en Escape from the Planet of the Apes, op 'e tillefyzje út te stjoeren, oan it Amerikaanske tillefyzjenetwurk CBS. Dy útstjoering krige syn beslach yn septimber 1973. Troch de hege sjochsifers fan 'e trije films joech CBS neitiid de foarkar oan in Planet of the Apes-tillefyzjesearje ynstee fan plannen foar oare science fiction-searjes. Sadwaande waard der in kontrakt tusken Fox en CBS sletten dat yn 1974 dochs noch ta de produksje fan sa'n searje late.
De tillefyzjesearje Planet of the Apes waard ûntwikkele troch Anthony Wilson foar de tillefyzjestudio 20th Century Fox Television. Stan Hough wie as tillefyzjeprodusint by de produksje belutsen en Herbert Hirschman hie as útfierend produsint it algemien tafersjoch. De titelmuzyk waard skreaun troch de Argentynske komponist Lalo Schifrin, dy't ek de soundtrack fersoarge foar trije fan 'e ôfleverings. De oare ôfleverings krigen soundtracks skreaun troch Earle Hagen of Richard LaSalle. CBS bestelde earst in heal seizoen fan 14 ôfleverings, elts mei in doer fan 50 minuten.
Planet of the Apes waard fan 13 septimber oant 20 desimber 1974 troch CBS útstjoerd op 'e Amerikaanske tillefyzje. It heale seizoen waard nea ôfmakke om't it netwurk gjin nije ôfleverings bybestelde. De sjochsifers wiene nammentlik min, wat fral te krijen hie mei it feit dat CBS de útstjoering ynplande op in tiidstip dat troch NBC de populêre komeedzjesearjes Sanford and Son en Chico and the Man útstjoerd waarden. Yn totaal waarden der trettjin fan 'e fjirtjin makke ôfleverings útstjoerd. Hoewol't de boarnen it net alhiel iens binne oer hokker ôflevering oerslein waard, is it wierskynlik dat it om ôflevering 13 (The Liberator) gie. Yn elts gefal wiene alle fjirtjin ôfleverings opnommen yn 'e dvd-boxset dy't letter 'e searje útbrocht waard.
De searje set útein mei it delstoarten fan in Amerikaansk romteskip dat yn 1980 by Alpha Centauri yn in tiidsstoarm belâne is. De bemanning fan it fartúch bestiet út trije astronauten, fan wa't ien by it delstoarten omkomt. De oaren binne kolonel Alan Virdon en majoar Peter J. Burke. Hja reitsje troch de klap bewusteleas en wurde út it wrak rêden troch in âldman dy't harren neitiid in histoaryske tekst sjen lit mei foto's fan 'e Ierde út omtrint it jier 2500. De beide astronauten reitsje der dêrtroch fan oertsjûge dat se op 'e iene of oare manear nei de Ierde weromkeard binne, mar fier yn 'e takomst.
It delstoarten fan it romteskip wurdt ek waarnommen troch in jonge sjimpansee, dy't it oan syn heit fertelt, dy't de autoriteiten derfan op 'e hichte bringt. Regearingsfunksjonaris Zaius, in orang-oetan (en, nei't men oanimme mei, in foarfaar fan 'e Zaius út 'e earste film), stjoert it haad befeiliging, in gorilla dy't Urko hjit, om 'e astronauten te finen en libben by him te bringen. Zaius wol harren útkloarkje en safolle mooglik oan 'e weet komme foar't se eventueel terjochtsteld wurde. Mei't er de agressive Urko net alhiel fertrout, stjoert er syn assistint, de sjimpansee Galen, mei om in eachje yn it seil te hâlden.
Virdon en Burke geane werom nei it wrak fan it romteskip om te sjen wat de gronometer oanjout. It docht bliken dat se mear as tûzen jier foarút yn 'e tiid reizge binne. (De searje moat yn 'e ynterne gronology fan 'e Planet of the Apes-franchise dus pleatst wurde omtrint it jier 3000, rom foàr de oankomst fan in oare Amerikaanske astronaut, George Taylor yn 3978, lykas toand yn 'e oarspronklike film Planet of the Apes.) Virdon stiet derop om it flechtlochboek út it wrak te rêden, mei't er hopet dat hy en Burke troch analyze fan 'e gegevens in manear betinke kinne sille om nei harren eigen tiid werom te kearen. Mar wylst se by it wrak oan 'e gong binne, wurde se ta har alteraasje finzen nommen troch in groep yntelliginte en pratende minskapen. De âldman dy't de astronauten holpen hat, wurdt letter troch Urko-en-dy ombrocht.
Galen fynt it minsklike skiednisboek dat de âldman by him hie. Wannear't er in diel fan 'e tekst lêst, begjint er te twifeljen oan 'e skiednis fan 'e wrâld sa't dy de apen foarholden wurdt. Neffens dy ferzje hawwe de apen altyd dominant west en de minsken altyd primityf en ûnderhearrich. Mar as dat wier wêze soe, koe dit boek fansels net bestean. Galen ûntdekt dat Urko fan doel is om 'e astronauten ûntsnappe te litten en se dan op 'e flecht dea te sjitten. Hy wegeret mandélich makke te wurden oan moard, en helpt de beide minsken om oan 'e foar harren opsette mûklaach te ûntkommen.
Werom yn 'e Apestêd besprekt Galen it boek dat er fûn hat mei Zaius. As er syn twifels oer de histoaryske dogma's fan 'e apen opbychtet, beskuldiget Zaius him fan ketterij. Galen wurdt dêrfoar ta de deastraf feroardiele, mar wannear't Virdon en Burke dat te hearren krije, rêde se him foar't it fûnis útfierd wurde kin. Dêrom wurde se alle trije ta fijannen fan 'e steat ferklearre en binne se tenei fûgelfaaie fuortflechtigen. Trijeresom doarmje se dêrnei troch wat ienris de westlike Feriene Steaten wiene, wêrby't oan ien wei troch aventoeren belibje mei apen, minsken en ruïnes fan 'e minsklike beskaving.
personaazje | akteur/aktrise |
kolonel Alan Virdon | Ron Harper |
majoar Peter J. Burke | James Naughton |
Galen (in sjimpansee) | Roddy McDowall |
Urko (in gorilla) | Mark Lenard |
Zaius (in orang-oetan) | Booth Colman |
seizoen | tal ôfl. | rûn fan | rûn oant | netwurk |
---|---|---|---|---|
1 | 14 | 13 septimber 1974 | 20 desimber 1974 | CBS |
Yn 1980 waarden ferskate ôfleverings fan Planet of the Apes ta fiif tillefyzjefilms montearre:
Fan fjouwer ôfleverings fan 'e tillefyzjesearje Planet of the Apes waarden ferboekings makke, allegearre skreaun troch George Alec Effinger:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|