It Polygoonsjoernaal is in sammelnamme foar twa Nederlânske bioskoopsjoernaals, nammentlik Neerlands Nieuws en Polygoon Wereldnieuws, beide makke troch de firma Polygoon-Profilti.
Polygoon-Profilti is yn 1919 oprjochte fan Julius Stoop en makke oarspronklik tuskentitels foar stomme films. Yn 1921 sette Polygoon-Profilti útein mei it sels meitsjen fan opdrachtfilms, lykas yn it bûtenlân Pathé (Frankryk) en Fox Movietone News (Feriene Steaten) al diene. Jannewaris 1924 begûne de earste wyklikse filmsjoernaals ûnder de titel 'Hollandsch Nieuws'. Yn 't earstoan wiene dy om de twa wike en fan begjin jierren tritich (20e iuw) ôf oan wiene dy alle wiken te sjen yn de bioskoop. Yn dy jierren kaam ek de lûdsfilm op. "Waar zij (de kameramannen) niet zijn, is niets te doen" wie it biedwurd fan Polygoon. De tune fan it Polygoon-sjoernaal wie in fariaasje op de bekende wize fan Mijn Nederland.
De klam lei hieltyd op objektiviteit en betrouberens fan it nijs; oan de oare kant moast Polygoon as kommersjeel bedriuw oppasse foar it fan him ferfjemdzjen fan it bioskooppublyk. Dêrom hiene sy in foarkar foar ûnderwerpen dy't net al te moeilik wiene en dy't moaie bylden opleveren. Sa drige der yn kabinetskrisis yn 1935, dy't it sjoernaal helle middels in taspraak fan Colijn dy't de sjogger oproep om mar kalm ôf te wachtsjen: Laat uw vakantie niet in de war sturen door nieuwe zenuwachtigheid. Ek wie it benei altyd moai waar yn Nederlân neffens de bylden fan it sjoernaal. Sels de Dútske ynfal yn Nederlân yn 1940 waard brocht yn loftige bylden, sa liet men in famke sjen dy't in presintsje oan in Dútske soldaat jout.
Ek ûnder de besetting fan Nederlân yn de Twadde Wrâldkriich waarden der Polygoonsjoernaals útstjoerd. Dy joegen meast propaganda foar de Dútsers. Teffens waarden der foar en yn de oarloch propagandafilms makke foar de NSB.
Nei de oarloch kaam dat Polygoon op krityk te stean. Dêrnei begûn lykwols gloarjetiid fan it Polygoon-sjoernaal yn de bioskoop. Leafst 400 bioskopen brochten alle wiken it Neêrlands Nieuws en it Wereldnieuws. Fan 1946 ôf wie redakteur Philip Bloemendal (1918-1999) as kommintator by it Polygoon-sjoernaal belutsen en dat soe er 40 jier lang bliuwe. Syn stimlûd hat in ûnferjitlik stimpel op it Polygoon-sjoernaal set.
Doe't de telefyzje yn Nederlân opgong makke yn de jierren 50 waarden de Polygoonsjoernaals in wolkomme boarne foar dokumintêremakkers. Der wie in Polygoonargyf ûntstien mei bylden dy't foar allerhanne produksjes brûkt wurde koene, in saneamd stock shot-argyf. Fia útwikselingskontrakten mei útlânske bioskoopsjoernaals koe boppedat in geunstich byld fan Nederlân ferspraat wurde. In protte eleminten fan de ferpyldere mienskip en oare hulten en bulten bleaune bûten de útstjoerings. Utsein by taspraken, waarden natuerlike lûden faak yn de studio neidien.
It sjoernaal brocht bysûndere bylden, lykas de besite fan The Beatles oan Amsterdam en it tichtsjen fan it lêste gat fan de Ofslútdyk, it bombardemint op Rotterdam en in soad filmbylden fan it Nederlânsk keningshûs.
Dat it publyk belang fan Polygoon wie in feit. Doe't it der yn 1963 op like dat it Polygoonsjoernaal ophâlde moast fanwege jildkrapte en in oerheid dy't net stypje woe, waard it publyk lilk en de filmwrâld noaske it ek net. Dat hie súkses en de oerheid gie om: middels subsydzjes waard it sjoernaal oant 1984 yn stân holden.
It Polygoonsjoernaal bestie oant 1987. Doe wie it bioskoopsjoernaal foarfêst ynhelle troch de deistige telefyzjesjoernaals. It argyf waard yn 1984 foar fjouwer miljoen gûne oernaam troch de Nederlandse Omroep Stichting, letter it NOB en wurdt no beheard troch it Nederlands Instituut voor Beeld en Geluid yn Hilfertsom. Yn it ramt fan it Open Beelden-project, jout it ynstitút geregeldwei Polygoon-sjoernaals ta foldwaan fan Wikimedia Commons.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Polygoonjournaal fan Wikimedia Commons. |