De Potez 25 wie in ienmotorige, twasits, dûbeldekker fan de Frânske fabrikant Potez[1] út de jierren tweintich fan de 20e iuw. It type wie it fleantúch mei it measte súkses fan Henry Potez. Der waarden 3.500 yn leafst 87 ferzjes fan boud. It grutste part fan dy fleamasines tsjinnen by tal fan loftmachten, meast by dy fan Frankryk en Poalen, mar ek by teminsten 20 oaren.