Sauerlân | ||
berchtme | ||
Lizzing fan it Sauerlân yn Dútslân | ||
geografy | ||
diel fan | Noardryn-Westfalen, Hessen | |
lân | Dútslân | |
sifers | ||
oerflak | 4462,04 km2 | |
heechste punt | Langenberg | |
hichte | 843,2 m | |
geology | ||
yndieling | middelberchtme | |
stiensoarte | laaistien |
Sauerlân (Dútsk: Sauerland) is in gebiet yn de Dútske dielsteaten Noardryn-Westfalen en Hessen.
De hichte yn Sauerlân ferskilt fan sa'n 200 m yn de delling fan de Ruhr oant goed 840 m yn de omkriten fan Winterberg yn Hochsauerland. Dêr leit de Kahler Asten, in ferneamde berch fan 841,9 m hichte. De Langenberg is mei 843,2 m de heechste berch fan Sauerlân en leit op de grins fan Noardryn-Westfalen en Hessen. Sauerlân leit yn it streamgebiet fan de Ryn en de Weser. Yn Sauerlân ûntspringe ferskate rivieren lykas de Ruhr en de Möhne.
In grut part fan 'e rivieren dy’t yn Sauerlân begjinne wurde ûnderbrútsen troch wetterkearingen, wêrtroch't grutte djippe marren ûntstien binne dy’t tsjinje foar wetteropslach, regulaasje fan it wetterpeil, enerzjyfoarsjenning en rekreaasje. In oantal fan de damen is yn de Twadde Wrâldkriich bombardearre. De ferneamste dêrfan is de wetterkearing yn de Möhne.
Sauerlân leit yn it suden fan Westfalen; it omfettet benammen it noardeastlik part fan it Rynlânske laaistienberchtme, dat krekt as oanswettende gebieten foarhinne ta it greefskip Mark en it hartochdom Westfalen hearde. Yn it westen, suden en easten folget de ôfbeakening oer it algemien histoaryske grinzen, wylst yn it noarden de feroaring yn it lânskip de grins is.
Bestjoerlik leit it Sauerlân yn de neikommende kreisen en gemeenten.
Yn it suden giet Sauerlân oer yn it Wittgensteiner Land en Siegerland, yn it westen yn it Bergisches Land. Alle trije lânskippen meitsje ek diel út fan it Súderberchlân en binne om histoaryske redenen ôfbeakene.
Yn it noardwesten grinzet Sauerlân oan it Ruhrgebiet. Parten fan de twa regio's oerlaapje inoar histoarysk en geografysk, mar ûnderskiede har benammen as gefolch fan ferskillende ekonomyske ûntwikkelingen.
Fierder nei it easten grinzet Sauerlân oan ’e Hellwegbörden, bygelyks de Soester Börde, en yn it noardeasten en easten oan it East-Westfaalske bisdom Paderborn. Dy regio's lizze yn it Westfaalske Bekken en ferskille dêrtroch kwa lânskip fan it Sauerlân.
Oangrinzjend gebiet yn it súdeasten en suden is it greefskip Waldeck, dat him histoarysk ôfskiedt fan Sauerlân. Upland, dat oan beide regio's tawiisd is, hat in bysûndere posysje.
It Bergisches Land is ûnderdiel fan it Rynlân, Waldeck is ûnderdiel fan Noard-Hessen en alle oare oanswettende regio's, lykas it Sauerlân, binne ûnderdiel fan Westfalen.
De heechste bergen fan it Sauerlân, dy't allegearre yn it Rothaarberchtme lizze, binne de Langenberch (843,2 m boppe seenivo) tusken Willingen en Niedersfeld, de Hegekopf (842,9 m) súdlik fan Willingen en de Kahler Asten (841,9 m). De Langenberg is it heechste punt fan it Rothaarberchtme, fan Noardryn-Westfalen èn fan Noardwest-Dútslân en de grins tusken Noardryn-Westfalen en Hessen rint oer de berchtoppen dêrfan. De Hegekopf leit folslein op Hessysk grûngebiet en is nei de Langenberg de op ien nei heechste berch yn it noarden fan Noard-Hessen.
Neist it Rothaarberchtme wurdt de regio karakterisearre troch oare berchrigen. Dy omfetsje it Saalhausberchtme (Himberg, 687,7 m), it Ebbeberchtme (Nordhelle, 663,3 m), it Lenneberchtme (Homert, 656,1 m) en Noard-Sauerlân (Plackweghöhe, 581,5 m).
It streamgebiet fan Ryn-Weser rint fan noard nei súd troch Sauerlân en oer de heechste top, de Langenberch. It grutste part fan West-Sauerlân wetteret foar in grut part oer de Ruhr en syn linker sydrivieren op de Ryn ôf, wylst guon gebieten yn it noardeasten ek ôfwetterje nei de Lippe.
It easten fan Sauerlân, yn it bysûnder hiel Upland, mûnet oer de Diemel en sydrivieren fan de Eder ôf rjochting de Weser. De wichtichste rivieren en beekjes yn Sauerlân binne:
Troch de yndustrialisaasje naam benammen yn it Ruhrgebiet de fraach nei drink-en yndustrywetter ta. Yn de ûnderrin fan de Ruhr waarden dêrom withoefolle wetterwurken boud, mar de opslachmarren stiene yn drûge simmers faak drûch. Om dat te regulearjen hawwe de wetterprodusinten yn it Ruhrgebiet harren yn 1899 ferienige yn de Ruhrtalsperrenverein. Dy organisaasje ynvestearren benammen yn de bou fan wetterkearingen op in pear lytsere rivieren yn Sauerlân. Mei dy wetterkearingen wurdt it wetter yn de hjerst en de winter opslein, en yn de maitiid en de simmer kontrolearre fuortstreamd, om altyd te soargjen foar foldwaande wetter yn de ûnderrin fan de Ruhr.
De grutste fan dy opslachmarren binne de Biggesee (mei de Listertalsperre), de Möhnetalsperre, de Sorpetalsperre, de Hennetalsperre en de Versetalsperre. Oan de noardeastlike râne en krekt yn de neistlizzende distrikten lizze de Diemelsee en de Aabachsee.
De opslachmarren binne populêre fakânsjebestimmingen foar ynwenners fan it Ruhrgebiet en Nederlân. Om de measte fan dy marren hinne is dan ek in bloeiende rekreative ekonomy ûntstien mei û.o. campings, hotels en hoareka.
Sauerlân makket diel út fan it Rynlânske Laaistienberchtme. De measte rotsen waarden foarme doe't it hiele gebiet in ûndjippe see wie. Dêrtroch binne laaistien, sânstien, Grauwacke en kalkstien de meast foarkommende stiennen. Dêrneist komt yn it eastlike Sauerlân fulkanysk stientme foar en op guon plakken binne ertsen foarme op de seeboaiem.
Yn it Paleosoïkum (geologysk tiidrek) waard de oant dan horizontale seeboaiem omheech drukt en ûntstie der in earste berchtme. De bergen dy ’t doe ûntstiene, ferdwûnen dêrnei wer gau, sadat it gebiet fan it lettere Sauerlân wer frijwat flak wie. De hjoeddeistige Sauerlânske bergen binne ûntstien troch de ferheffing fan it Rynlânske laaistienberchtme sûnt de ein fan it Mioseen en foaral yn it Kwartêr. Sûnt dy tiid hawwe de rivieren har in wei troch it laaistienberchtme snien, benammen fan de rânen ôf. It laaistienberchte en dêrmei Sauerlân groeit hjoed-de-dei noch hieltyd stadich de hichte yn.
Guon dielen fan Sauerlân binne troch de oanwêzichheid fan kalkstien ferkarste en der binne hûnderten dripstiengrotten ûntstien, benammen yn it noarden, tusken Iserlohn en it Hönnetal en yn it gebiet om Attendorn hinne en op it Brilon-plato. Guon dêr fan binne te besjen.
De gâns gruttere en lytsere ertsôfsettingen hawwe sûnt de midsiuwen laat ta de ûntwikkeling fan in tradisjonele mynbou. De mynbou yn Sauerlân wie eartiids in wichtige ekonomyske faktor; de mynbou kaam yn de jierren 1970 fan de foarige iuw folslein ta in ein.
Sauerlân is in middelberchtme mei bûke- en spjirrebosken. Fanwegen al dy bergen wurdt it ek wol it lân fan de tûzen bergen neamd.
Yn de jierren 1960 waarden ferskate gebieten oanwiisd as natuerpark. Yn it noarden tusken de Ruhr en Möhne leit it natuerpark Arnsberger Wald. It natuerpark Ebbegebirge besloech it grutste part fan it súdwestlike Sauerlân, it natuerpark Homert lei tusken de Lennefallei yn it súdwesten en it Ruhrgebiet yn it noardeasten. It natuerpark Homert lei tusken it Lennetal yn it súdwesten en it Ruhrgebiet yn it noardeasten. It natuerpark Rothaargebirge wreide him út oant yn it noardeastlike Sauerlân, yn it Wittgensteiner Lân en yn it Siegerlân. Yn maaie 2015 binne de lêste trije gearfoege ta it natuerpark Sauerland-Rothaargebirge, dat sûnt it op ien nei grutste Dútske natuerpark is mei in oerflakte fan 3.826 km2. It natuerpark Diemelsee leit tusken Brilon en Marsberg yn de noardeastlike râne yn it grinsgebiet mei de Hessense Kreis Waldeck-Frankenberg.
De natoer fan Sauerlân fertoant in grut ferskaat, mei in protte, soms sels seldsume planten en bisten. Dat binne bygelyks de wisint, de swarte earrebarre, de oehoe, de skatekster en it paapke. Dat late njonken de natuerparken ta de oanwizing fan in grut tal beskerme gebieten (Schutzgebieten) fan ferskate grutte.
Súdlik fan Bestwig leit de Plästerlegge, mei 20 meter de heechste wetterfal fan Noardryn-Westfalen. It Rothaarberchtme hat syn heechste toppen yn it gebiet Winterberg, Olsberg en Brilon mei de Kahler Asten en it gebiet om de Hochheide Neuer Hagen hinne. Fanwege it bysûndere klimaat en de hichte fan mear as 800 meter binne hjir in tal biste- en plantesoarten, dy't yn Noardryn-Westfalen allinne hjir foarkomme, dêrûnder binne de berchslaad (Cicerbita alpina) en it twablomde fioeltsje (Viola biflora).
It kalkstiengebiet fan it Brilon-plato mei gerslân oan de kalkstientoppen hat ek in bysûndere fegetaasje. It neamen wurdich binne Orobanche alba en Seseli annuum. In oar bysûnder skaaimerk is de fegetaasje fan de karstboarnen fan de Alme mei it foarkommen fan Cochlearia pyrenaica. Yn de Meibacher Bocht leit tanksij it foarkommen fan 'e toarnekster, de skatekster en it paapke it fûgelreservaat Meibacher Bucht. It Marsberchgebiet mei it Diemelgebiet hat útwrydske kalkgerslannen op de Zechstein-ûndergrûn. De Rotsmar (Felsenmeer) by Hemer is ûntstien troch it ynstoarten fan grotten.
Histoarysk sjoen, wie Sauerlân foaral in hannelsregio. Yn de 20e iuw en benammen nei de Twadde Wrâldkriich wiene der feroarings. Sûnt it begjin fan de systematyske tylt fan krystbeammen yn de jierren 1980 hat Sauerlân him mei 18.000 hektare krystbeammen ûntwikkele ta it grutste bougebiet fan krystbeammen yn Europa. De regio Súd-Westfalen is op basis fan in oandiel fan 40% fan 'e beropsbefolking de op twa nei sterkste yndustriële regio fan Dútslân. Yn it westen fan Sauerlân wurde de heechste wearden berikt mei in yndustrieel wurkgelegenheidsoandiel fan 43-44%. Meardere lytse en middelgrutte fabriken sitte yn Sauerlân. Hjoed-de-dei besteane de bedriuwen fral út taleveransiers fan de auto-yndustry, de aluminium ferwurkjende yndustry en fabriken dy’t ark meitsje. De farmaseutyske en gemyske yndustry binne yn Iserlohn fertsjintwurdige. Ek bekende fabrikanten fan lampen yn de regio's Arnsberg, Lüdenscheid en Iserlohn en sanitêr yn en om Hemer binne fertsjintwurdige. Yn it Schmallenbergergebiet besteane noch hieltyd wichtige bedriuwen út de Sauerlânske tekstylyndustry. In foarm fan mynbou yn Sauerlân libbet noch altyd as laaistienwinning yn Bad Fredeburg. It meast bekende Sauerlânske produkt is bier. Neist tal fan lytse brouwerijen binne Warsteiner yn Warstein en Veltins yn Grevenstein yn de buert fan Meschede ek bûten Dútslân bekend. Dat betsjut dat twa fan de grutste brouwerijen yn Dútslân mar 28 kilometer fan inoar ôf steane.
Sûnt de ein fan de 19e ûntwikkele Sauerlân him ta it rekreaasjegebiet foar minsken út de yndustrygebieten en de grutte stêden. Dy belangstelling soarge foar ekonomyske ympulsen foar Sauerlân. Benammen nei de Twadde Wrâldkriich waard Sauerlân in wichtich rekreaasjegebiet. De bosken, de lytse stedsjes en doarpen meitsje fan 'e regio in tige gaadlik kuiergebiet en in soad stêden waarden kueroarden fanwege de goede loftkwaliteit.
De heger lizzende gebieten binne ek populêre wintersportgebieten. Eveneminten op de bobslydbaan yn Winterberg en de skâns foar it Skyspringen yn Willingen binne oer de hiele wrâld bekend. Foar kuierders binne der yn Sauerlân trije kuierpaden mei in lange ôfstân. De 154 km lange Rothaarsteig, dy’t Sauerlân, Siegerlân en it Lahn-Dillgeberchtme mei-inoar ferbynt, de 240 km lange Sauerland-Waldroute en de 251 km lange Sauerland-Höhenfluch. Njonken dy lange kuierrûtes binne der in soad koartere kuierpaden. Sûnt de jierren 1990 binne der yn Sauerlân ek in pear fytspaden oanlein. Ien fan dy fytspaden is de SauerlandRadring, dy't oer eardere spoarlinen rint en 84 km lang is. Oare lûkers fan toeristen binne de grutte attraksjeparken, it 80 bunder grutte Panoramapark Sauerland Wildpark yn Kirchhundem, Fort Fun Abenteuerland yn Bestwig en it 200 hektare grutte Wildwald Vosswinkel en de ferskate simmerrodelbanen. Der binne ek ferskate kastielen en musea yn it Sauerlân te finen.
Ek kin Sauerlân ûndergrûnsk besocht wurde mei't in tal âlde minen en dripstiengrotten iepensteld binne foar it publyk.
Machtiche kastielen, paleizen en lânhuzen binne it bewiis fan aristokratyske hearskippij en fertsjintwurdiging fan it ferline. De eartiidske lokaasje fan de Grafenburg yn Werl, dy 't yn de earste helte fan de 10e iuw boud waard, is hjoed-de-dei net mear bekend, mar wie nei alle gedachten yn de buert fan it hjoeddeiske plein by de tsjerke yn Werl. Doe't de greven fan Werl har sit nei Arnsberg ferhûzen, bouden se om 1060 hinne earst de Rüdenburg, dy't letter eigendom waard fan de aadlike famylje Rüdenberg. Oan de oare kant fan de delling wennen sûnt likernôch 1144 de greven fan Arnsberg-Werl op kastiel Arnsberg. Letter wreiden de aartsbiskoppen en karfoarsten fan Keulen it kompleks ta in paleis út. It lêste gebou waard boud troch Johann Conrad Schlaun foar Clemens August von Bayern en yn de Sânjierrige Kriich ferneatige. Beide Arnsberg-kastielen binne tsjintwurdich ruïnes.
Oare aadlike famyljes bouden ek kastielen om har besit te beskermjen. Dat jildt ek foar it kastiel yn Hachen, oarspronklik boud troch de Ezzonen, ôfstammelingen fan Erenfried I (sa. 845 - nei 14 juny 904), greve fan it Dútske Bliesgau. Ek de earste bebouwing fan de Waldenburg by Attendorn is werom te fieren op de Ezzonen. Letter wie it eigendom fan ferskate aadlike famyljes. De hearen fan Förde-Bilstein bouden earst it kastiel Peperburg, dêr't hast neat fan bewarre bleaun is, en letter it kastiel Bilstein. In oar âld kastiel is dat yn Padberg. De fâlden fan it kleaster Grafschaft bouden yn de 12e iuw it kastiel fan Nordenau. Ien fan de strategysk wichtichste kastielen út de 12e iuw wie kastiel Altenfels by Brilon; it waard yn de midsiuwen alwer ferlitten.
De aartsbiskoppen fan Keulen krigen ferskate kastielen en bouden stêden om harren besit te beskermjen, dy't ek militêre funksjes krigen. Yn Neheim tsjûgje de fersterke hûzen Gransau, Drostenhof en Fresekenhof fan it eardere kastiel yn de stêd. De greven fan Arnsberg giene op in ferlykbere wize te wurk, bygelyks troch de stêd en it kastiel fan Eversberg te bouwen. Neist it erven fan âldere kastielen en it bouwen fan stêden lieten de aartsbiskoppen fan Keulen sûnt de 12e iuw nije kastielen bouwe, lykas kastiel Schnellenberg, foar it earst neamd yn 1222, Fürstenberg en Scharfenberg.
De greven fan de Mark en harren foargongers bouden kastielen om harsels te beskermjen tsjin de greven fan Arnsberg en de aartsbiskoppen fan Keulen. Kastiel Altena, dêr 't de oanbuorjende stêd nei ferneamd is, wie de foarâlderlike sit fan de greven fan de Mark. Kastiel Klusenstein waard fuort oan de doetiidske grins op in rots boppe it Hönnetal boud.
Mar in pear kastielen binne bewarre bleaun. De measten fan de kastielen binne no ruïnes. Yn 1912 waard yn it rekonstruearre kastiel Altena de earste jeugdherberch fan 'e wrâld iepene. Kastiel Schnellenberg waard letter útwreide troch de baronnen fan Fürstenberg en kin besocht wurde.
Op 'e fûneminten fan 'e kastielen en ek op de lannerijen fan 'e legere adel ûntstiene der gâns paleizen en hearehuzen. It hûs Letmathe yn Iserlohn is in foarbyld fan ien fan it grutte tal lânhûzen yn Sauerlân. It lânhûs Listringhausen yn Meinerzhagen kin dêrfoaroer net besocht wurde. Beide gebouwen wurde beskôge as attraksje fan harren stêd. It lângoed Stockhausen yn Meschede datearret út it earste millennium nei Kristus.
Benammen yn de barokperioade waarden âldere aadlike gebouwen omboud ta paleizen. Oaren wiene nijbou. De baronnen fan Fürstenberg joegen de boumaster Ambrosius von Oelde de opdracht om de Adolphsburg by Oberhundem te bouwen en it kastiel Schnellenberg werbouwe te litten. Ek arsjitekt Michael Spanner wie yn dy tiid op in soad plakken yn de regio aktyf. Syn paleizen omfetsje de ferbouwing fan it Landsberger Hof yn Arnsberg en Haus Almerfeld yn Brilon. Mar in pear oerbliuwsels fan it kastiel Hirschberg, dat troch Schlaun werboud waard, en de Hirschberger-poarte, (dy't hjoed-de-dei yn Arnsberg stiet), binne bewarre bleaun.
Oare foarbylden fan bekende paleizen binne paleis Bruchhausen yn Olsberg, paleis Dahlhausen yn Menden, paleis Herdringen in Arnsberg, paleis Körtlinghausen yn Rüthen, paleis Laer yn Meschede, Wetterpaleis Melschede yn Sundern, paleis Wocklum yn Balve en paleis Neuenhof yn Lüdenscheid.
Yn it Sauerlânske lânskip dominearret yn in soad plakken de karakteristike swartwite fakwurkarsjitektuer. Yn de jierren 1920 beskreau de monumintewacht (Heimatschutzbewegung) it karakteristike Sauerlânhûs as in hûs mei twa ferdjippingen mei fjouwer stilen en swart skildere fakwurk mei wytkalke opfoldielen, in pear gevel- en bôgefersieringen, bedutsen mei in dak fan laaien. In typysk foarbyld fan dy arsjitektuer is de Stertschultenhof yn Cobbenrode, boud yn 1769 yn Sauerlânsk fakwurk. Oare foarbylden dêrfan binne te finen yn frijwat Sauerlânske stêden lykas Hallenberg, Kirchveischede en Oberkirchen. Njonken de fakwurkhuzen binne der yn Sauerlân ek in soad laaistiennen huzen. Benammen yn gebieten mei in soad laaistienôfsettingen binne sokke hûzen boud.
Ek de tsjerken en it grutte tal kapellen binne byldbepalend foar Sauerlân. Se foarmje it tradisjonele middelpunt fan de stêden en doarpen yn de regio. De ierste tsjerklike delsettingen binne te finen lâns de Hellwei (Foarrinner fan de A40 tusken Werl, Soest en Paderborn. De skiednis fan 'e abdij fan Meschede giet werom op de Karolingyske perioade. It mitselwurk fan de westlike toer fan de hjoeddeistige parochytsjerke St. Walburga datearret út de 9e iuw. Yn de 11e iuw oerhearsken de trijeskippige basiliken. Dy omfetsje St. Clemens yn Drolshagen, St. Dionysius yn Thülen en St. Cyriakus yn Berghausen. It typyske boutype fan de regio is de Westfaalske halletsjerke, lykas St. Peter en Paul yn Wormbach, it âlde diel fan 'e St. Alexander yn Schmallenberg en St. Johannes Evangelist yn Eversberg. Ek de St. Blasiustsjerke yn Balve mei syn achthoekige koepel heart by dat boutype. In lettere foarbyld is de St. Heribert yn Hallenberg. It romaanske sintrale gebou fan de Drüggelt-kapel oan de Haarstrang is útsûnderlik en de arsjitektuer hat oanlieding jûn ta tal fan spekulaasjes. Foarbylden fan iergotyk binne St. Nikolaus yn Obermarsberg en St. Laurentius, de tsjerke fan it kleaster Wedinghausen yn Arnsberg.
Der binne ek tal fan oare opfallende midsiuwske tsjerkegebouwen. Dy omfetsje de Oberste Stadtkirche en de Bauernkirche yn Iserlohn, de Sint-St.-Vinzenz-Kirche yn Menden, en de St. Petrus und Andreas tsjerke yn Brilon. De midsiuwske tsjerke St. Johannes Baptist yn Attendorn en de yn lettere jierren boude tsjerke fan St. Johannes Baptist yn Neheim steane fanwege harren ôfmjittings bekend as de Sauerlân-katedralen.
Lange tiid waarden der mar in pear tsjerken boud. Sûnt de 17e iuw hat de barokstyl, foar in part mei noch goatyske ynfloeden, benammen syn wei fûn nei it Keulske part fan de regio. Ien fan 'e sealtsjerken yn dy styl wie de St. Gertrud yn Oberkirchen, fergelykber ek de Maria Heimsuchung yn Kohlhagen, St. Lambertus yn Oberhundem en St. Peter und Paul yn Eslohe. Ek de nije stiftstsjerke St. Walburga yn Menschede en St. Severin yn Wenden datearje út de barokperioade.
In soad fan de âldere tsjerken binne werboud yn barokstyl, foaral mei nije ynterieurs. Dat ûnderskiedt de tsjerken oant op de dei fan hjoed op in soad plakken. In soad ardjitekten dy 't meiwurken oan de bou kamen út de regio. It neamen wurdich binne Heinrich Strothmann, Johann Sasse, Heinrich Papen, Johann Theodor Axer en Johann Leonhard Falter. Joseph Buchkremer wie yn de 20e iuw de wichtichste tsjerkearsitekt fan it Sauerlân.
Ek opmerklik binne inkelde kleastergebouwen en kleastertsjerken. Dy omfetsje de kleasters Wedinghausen, Rumbeck en Oelinghausen yn de omkriten fan de hjoeddeiske stêd Arnsberg. Ta de âldste kleasters yn Westfalen hearre it kleaster Meschede en it kleaster Obermarsberg. Ek de kleasters Grafschaft by Schmallenberg en Bredelar binne tsjûgen fan it ferline. De Königsmünster-abdij yn Meschede is opmerklik fanwegen syn moderne arsjitektuer. Hjoed-de-dei is de abdij it grutste bewenne kleasterkompleks fan Sauerlân. In bysûndere tuskenfoarm fan in kastiel en in religieus bouwurk is it eardere ridderslot en lettere kleaster fan Mülheim yn Sichtigvor.
Fan it erfgoed fan 'e joadske befolking binne njonken in pear begraafplakken, lykas yn Rüthen of Obermarsberg, dêr ’t de oanlis fan weromgiet ta de iermoderne tiid, noch in pear synagogen. Nei de Holocaust wurdt gjin ien synagoge yn Sauerlân noch brûkt dêr't se ea foar boud binne. Guon binne sa renovearre dat harren eardere funksje noch werkenber is. Dy binne de synagoge yn Padberg, dy 't yn de 18e iuw yn fakwurkstyl boud waard, de synagoge yn Neheim en de synagoge yn Meschede. Oare gebouwen waarden lykas de synagoge yn Arnsberg sa yngreven ferboud, dat harren eardere religeuze funksje net mear werkenber is. In grut part fan 'e synagogen, lykas dy yn Brilon, binne yn de Kristallnacht yn 1938 folslein ferwoaste.
De moslimbefolking, benammen arbeidsmigranten út Turkije, stiften sûnt de jierren 1970 saneamde "Eftertúnmoskeeën" yn leechsteande gebouwen. De earste moskee fan Sauerlân mei in koepel en minaret is de DİTİB-moskee, dy't sûnt 1990 yn in ferboud en oanboud fabryksgebou is ûnderbrocht. Yn 2008 waard mei de Fatih-moskee foar it earst in folslein nije moskee yn Sauerlân boud.
Yn Sauerlân is benammen de wintersport wichtich. Yn Hochsauerland, bygelyks yn Winterberg, binne der tal fan sky- en rodelpistes. Op de Bobslydbaan by Winterberg wurde al sûnt 1914 ynternasjonale wedstriden bobslydzjen organisearre. De hjoeddeiske bobslydbaan waard yn 1977 boud.
Ek op de Mühlenkopfschanze yn Willingen wurde alle jierren ynternasjonale wedstriden organisearre, mar dan foar it skânsspringen. De earste skâns op dat plak waard yn 1925 boud, en hie in K-punt (kritiek punt) fan 35 m. De hjoeddeiske skâns waard om en de by it jier 2000 boud en had in K-punt fan 130 m.
Yn Iserlohn stiet in iisbaan foar iishockey. Yn dy iishal, de Eissporthalle Iserlohn, traine en spylje de Iserlohn Roosters, dy't yn de Deutsche Eishockey Liga op it heechste nivo fan 'e iishockey yn Dútslân spylje. De Eissporthalle Iserlohn waard yn 1971 boud.
De Sauerländische Gebirgsverein koartwei de SGV, is de grutste kuierklup yn Sauerlân mei hast 38.000 leden. De SGV waard al yn 1891 yn Arnsberg oprjochte en organisearret yn hiel Sauerlân meardere eveneminten foar kuierders.
Sûnt 2000 nimt de populêriteit fan fytsen yn Sauerlân ta, it giet dan net allinne om hurdfytsen mar ek om mountainbiken en gravelfytsen. Der binne yn Sauerlân ferskate pistes te finen foar in tal foarmen fan mountainbiking en benammen foar it downhill fytsen, in delgeande en ekstreem spektakulêr parkoers dat de hurdfytsers yndividueel ôflizze.
Sintra fan de hynstesport yn Sauerlân binne Balve en Warstein. Yn Balve fynt alle jierren, meastal yn juny, yn it Orlebachtal it Balve Optimum plak, in ynternasjonaal wichtich hynstesporttoernoai op it hynstesportterrein by paleis Wocklum. It toernoai bestiet út wedstriden foar springrúters en foar dressuerrútsers. Yn Warstein wurdt alle jierren it Warsteiner Champions Trophy organisearre op it terrein fan de Warsteiner bierbrouwerij. In toernoai foar benammen jonge springrútsers.
De kultuer yn it Kar-Keulske Sauerlân is sterk beynfloede troch it fêst ferankere katolisisme ûnder de befolking. As ûnderdiel fan it kulturele gebiet fan Westfalen hat de kultuer fan Sauerlân, ferdield yn Hochsauerlân, dat ûnder ynfloed fan it Karfoarstedom Keulen stie, en it mear protestantske Märkisches Sauerland, him lykwols net unifoarm ûntwikkele.
Sûnt de reformaasje is it religeuze lânskip fan Sauerlân frijwat feroare. De reformaasje fersprate him sûnt de jierren 1530 yn it greefskip fan de Mark; it hartochdom Westfalen bleau yn wêzen katolyk. Dy ferskillen binne ek hjoed-de-dei noch te sjen, nettsjinsteande de ymmigraasje fan ’e ôfrûne desennia. Troch de migraasjebeweging binne moslims sterker fertsjintwurdige yn it hjoeddeiske Märkischer Kreis as yn 'e rest fan Westfalen.
Yn Sauerlân waard oant yn de jierren 1960 noch in eigen dialekt sprutsen, it saneamde Sauerländer Platt. It dialekt wurdt no noch wolris sprutsen troch de âldere generaasje. Nettsjinsteande de ynset fan klups en skoallen wurdt oannommen dat it Sauerländer Platt yn ’e folgjende generaasje útstoarn wêze sil.
It Christine-Koch-Gesellschaft ûnderhâldt in Sauerlânsk literatuerargyf yn Schmallenberg mei likernôch 2000 tydskriften en boeken. De biblioteek is húsfeste yn it "Schmalen Haus" njonken it Schmallenberger stedhûs. Sauerlân hat ek in pear sêgen.
It kulturele libben fan hast alle Sauerlânske mienskippen omfettet benammen de skuttersfeesten dy't alle jierren organisearre wurde. Yn Iserlohn fynt alle jierren it skuttersfeest fan de "Iserlohner Bürgerschützenverein" (IBSV) plak, dat as it grutste feest fan Súd-Westfalen beskôge wurdt.
Yn it eardere Karfoarstedom Keulen is karnaval in oar populêr feest. It hichtepunt fan it karnaval is de optocht op Rosenmontag. Ien fan 'e gruttere karnavalsoptochten yn Sauerlân is yn Belecke.
Op in tal plakken yn Sauerlân, lykas yn Elspe, Herdringen, Arnsberg en Hallenberg, binne iepenloftteäters te finen. De Balvergrot stiet ek bekend as teäterseal en lokaasje foar allerhanne konserten.
De keuken yn it Sauerlân komt foar it grutste part oerien mei dy fan oare parten fan Westfalen. De gerjochten hawwe soms ûnderskate nammen en de resepten ferskille meastal allinnich yn details. Opmerklike spesjaliteiten út it Hochsauerlân binne lykwols Kröse (in woarstepuree makke fan bargebloed en fleis, groatten en speserijen) en Schlackerwurst (in soarte fan metwoarst mei nieren, dy't faak sean wurdt ta in kleverige stoofpot, net te betiizjen mei de bekende "Schlackwurst" út oare gebieten).
In âld Sauerlânsk ierappelgerjocht is de Potthucke, ek wolris puffer neamd. Eartiids waard it makke fan rauwe raspe ierappels, grizel en sâlt en waard it oeren yn in pot bakt. Hjoed-de-dei wurdt de Potthucke mei ekstra sipels, aaien, blom, Mettwurst of rikke fleis klearmakke. De saneamde kowewoarst is wiidferspraat yn Sauerlân; piperwoarst wurdt ek makke fan kowefleis. In regionale spesjaliteit yn Hochsauerlân is de bloedwoarst.
It meast bekende Sauerlânske produkt is bier. Neist tal fan lytse brouwerijen binne Warsteiner yn Warstein en Veltins twa fan de grutste brouwerijen yn Dútslân.
Diken, lânpaadsjes, holle diken en sânpaden bestiene faak al foar de midsiuwen, bygelyks de mear as 1000 jier âlde en likernôch 500 km lange Heidenstraße, dy't fan Leipzig oer Kassel nei Keulen late, en de Römerweg en de Kriegerweg, dy't Siegen mei Paderborn ferbûn.
Oant de 19e iuw rûnen de foarhinne ûnferhurde en amper ûnderholden ferkearsrûtes benammen oer de hichten, omdat de dellings troch it wetter faak ûnbegeanber wiene.
It duorre noch oant de ein fan 'e 18e iuw dat der foar it earst (faak mei grint) ferhurde diken oanlien waarden, de saneamde stiendiken. De earste yn Sauerlân wie de Holland-Frankfurt-Straße. Dy waard om 1780 hinne oanlein en rûn fan Nederlân nei Frankfurt oer Wesel, Essen, Hagen, Halver, Meinerzhagen, Drolshagen, Olpe, Kreuztal, Siegen, Dillenburg en Wetzlar.
Yn 1816 wiene der ôfsjoen fan 'e Holland-Frankfurt-Strasse mar trije, foar in part foltôge, diken yn it eardere hartochdom Westfalen: de hjoeddeistige B7 fan Canstein (Marsberg) fia Brilon, Meschede en Arnsberg nei Menden, de wei tusken Werl en Olpe oer Wickede, Neheim, Hüsten en Sundern en de wei fan Meschede nei Grevenbrück. Pas sûnt de oanlis fan de dyk Minden-Koblenzer Chaussee yn de jierren 1830 krige de regio in folslein nij netwurk mei ferhurde diken, dy't ek op de legere hellingen oanlein waarden. Tagelyk rekken in soad fan de âlde paden en koetsrûtes yn it ferjit en dy binne no allinnich noch werkenber as oerwoekere ravinen yn it lânskip.
De ûntwikkeling fan de hjoeddeiske autodiken kaam yn it Sauerlân pas let op 'e gong. Yn 1971 waard de A45 foltôge (Castrop-Rauxel-Mainhausen), yn 1976 folge de A4 (Aken-Görlitz). Oan de 46 (Heinsberg-Olsberg) wurd noch altyd wurke. De oare wichtige dyk oer Sauerlân is de A44 (Aken-Waldkappel).
Net allinnich de oanlis fan ferhurde diken kaam yn Sauerlân relatyf let op gong, ek dy fan it spoarnetwurk. Nettsjinsteande plannen dy’t weromgeane op 1833, waard yn Sauerlân it earste spoartrajekt Ruhr-Sieg, fan de Bergisch-Märkische Eisenbahn-Gesellschaft (BME), iepene yn 1859, folge troch de Biggetalbahn en de Volmetalbahn. Yn 1870 iepene de BME yn it noarden fan Sauerlân de Boven-Ruhrtalbahn. De lêste spoarline yn Sauerlân, dy’t noch troch de BME oanlein waard fan Menden nei Hemer, waard yn 1882 iepene en yn 1885 oer it nij boude Iserlohn Ostbahnhof nei Iserlohn trochlútsen.
De Reichsbahndirektion Elberfeld boude de Altenhundem-Wenhausen spoarline, de útwreiding fan de Volmetal spoarline en de Ardey spoarline. De spoarline Finnentrop-Wennemen, de spoarline Plettenberg-Herscheid, de spoarline Altenhundem-Birkelbach en de Hönnetalbahn waard ek boud.
De smelspoartrajekten wiene wichtich foar de regio. De Kreis Altenaer Schmalspur-Eisenbahn (KAS) ferbûn Lüdenscheid mei Altena en Werdohl en Schalksmühle mei Halver. De Iserlohner Kreisbahn (IKB) operearre benammen tusken Iserlohn, Hemer, Altena en Hohenlimburg. De Hohenlimburger Kleinbahn (HKB) operearre yn Hohenlimburg. Yn it súdlike Sauerlân stie de Plettenberger Kleinbahn (PKB). Dêrnei folgen it spoartrajekt Ruhr-Lippe, de Westdeutsche Eisenbahn-Gesellschaft en it lytsspoar Steinhelle–Medebach.
Yn de jierren nei 1948 waarden ferskate trajekten sletten, guon allinnich foar persoaneferfier en guon trajekten yn syn gehiel. De oerbleaune haadtrajekten binne yn hannen fan de Deutsche Bahn en in tal sydlinen wurde troch private ferfierders betsjinne.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|