Sijtje van der Lende | ||
sporter | ||
Sijtje van der Lende (1976) | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Sijtje van der Lende | |
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
bertedatum | 31 jannewaris 1950 | |
berteplak | Sonnegea | |
etnisiteit | Frysk | |
lingte | 1.75 m | |
gewicht | 66 kg | |
sportive ynformaasje | ||
sport | Reedriden | |
ûnderdiel | Langebaan | |
O.S. | Innsbruck 1976, Lake Placid 1980 | |
debút | 1967 | |
karriêre-ein | 1982 | |
wichtige prestaasjes | ||
3x goud NK Allround 1976, 1977, 1979 4x brûns NK Allround 1974, 1975, 1978, 1980 |
Sijtje van der Lende (Sonnegea, 31 jannewaris 1950) is in earder Frysk reedrydster. Nei har lange aktive riderstiid waard se reedridercoach, earst fan it gewest Fryslân, dêrnei fan de kommersjele ploech VPZ, mar hat ek bûnscoach fan Sina west.
Tusken 1974 en 1980 stie Van der Lende sân kear op it poadium by it NK Allround: yn 1976, 1977 en 1979 as winner, de oare kearen as tredde. Ein jierren 70 wie Van der Lende inkele jierren hâldster fan de Nederlânske rekords op de 1500 en 3000 meter.
Van der Lende die sân kear mei oan it WK Allround. It WK fan 1976 wie har súksesfolste toernoai, neist it fjirde plak (mar 0,040 punt efter Sheila Young) yn it einklassemint helle se de sulveren medalje op de 1500 meter.
Nei har rinbaan as rydster wurke Van der Lende lange tiid by de KNSB-gewest Fryslân, wie se aktyf as bûnscoach en wurke foar ferskate kommersjele ploegen. Se wie by it gewest ûnder oare de trainster fan Tonny de Jong. Fan seizoen 2005/2006 oant en mei seizoen 2007/2008 wie Van der Lende coach fan de ploech VPZ[1]. By dit team wurke se ûnder mear mei Jorien Voorhuis en Ben Jongejan. Op 13 maaie 2008 waard bekend dat Van der Lende in kontrakt foar twa jier tekene hie as bûnscoach foar Sina[2]. Neffens Van der Lende hie mear as de helte fan de Sineeske treners betinkings by har komst, mar neigeraden de Friezinne de treningsskema's oanpast hie en de resultaten folgen, waard de wjerstân lytser. Pupilen Yu Fengtong dy't goud wûn op de Aziatyske Spullen en brûns op it WK ôfstannen en Wang Fei dy't ek aardich meikomme koe yn de top hie se in behoarlik súkses[3][4]
Ofstân | Tiid | Datum | Baan |
---|---|---|---|
500 meter | 43,66 | 20 jannewaris 1980 | Eisstadion Davos, Davos |
1000 meter | 1.25,86 | 20 jannewaris 1980 | Eisstadion Davos, Davos |
1500 meter | 2.12,59 | 24 febrewaris 1979 | Medeo, Alma-Ata |
3 km | 4.39,15 | 16 jannewaris 1977 | Pista Olimpica, Madonna |
5 km | 8.25,30 | 17 jannewaris 1982 | IJstadion Stadspark, Grins |
Jier | NK Junioaren B |
NK Junioaren A |
NK Allround |
EK Allround |
WK Allround |
WK Sprint |
Olympyske Spullen |
---|---|---|---|---|---|---|---|
1967 | 9e | ||||||
1968 | |||||||
1969 | 5e | ||||||
1970 | 13e | ||||||
1971 | 13e | ||||||
1972 | 6e | ||||||
1973 | 4e | 13e | 13e | 29e (+val) | |||
1974 | 5e | 9e | 19e | ||||
1975 | |||||||
1976 | 4e | 14e | 24e 500m 11e 1000m 13e 1500m 9e 3000m | ||||
1977 | 11e | 6e | |||||
1978 | 12e | 16e | |||||
1979 | 7e | 13e | |||||
1980 | NC21 | DQ3 | 26e 500m 13e 1000m 15e 1500m 16e 3000m | ||||
1981 | 8e | ||||||
1981 | 12e |
Nr. ! | Ofstân | Tiid/ Punten |
Datum | Baan |
---|---|---|---|---|
1 | 1500 meter | 2.13,95 | 15 maart 1976 | Medeo, Alma-Ata |
2 | miny fjouwerkamp | 179.553 | 15/16 maart 1976 | Medeo, Alma-Ata |
3 | 3 km | 4.39,15 | 16 jannewaris 1977 | Pista Olimpica, Madonna |
4 | sprintfjouwerkamp | 175.735 | 17/18 febrewaris 1979 | Ludwig Schwabl Stadion, Inzell |
5 | 1500 meter | 2.12,59 | 24 febrewaris 1979 | Medeo, Alma-Ata |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Keppelings om utens |