Sikorsky S-38 | |
---|---|
Rol | Amfibyfleantúch, passazjiersfleantúch |
Makker | Sikorsky |
Untwerper | Igor Sikorsky |
Earste flecht | 25 maaie 1928 |
Yn tsjinst | Oktober 1928 |
Ut tsjinst | |
Tal makke | 101 (1928 - 1933) |
Brûkers | Pan American Airways, partikulieren |
De Sikorsky S-38 is in amfibyske fleanmasine, dat wol sizze dat it sawol op wetter as op it lân opstige en lânje kin. De S-38 is in dûbeldekker mei twa motors en wie it earste súkses fan Igor Sikorsky syn bedriuw yn de Feriene Steaten.
Maaie 1928 sette it bedriuw út ein mei de produksje fan it nije type tastel yn Stratford, Konnetikut. July fan dat jier rôle de earste S-38 fan de bân. It tastel hie twa Pratt & Whitney-motors fan elk 298 kW (400 hk). It hie in bemanning fan twa en der koenen acht as njoggen passazjiers mei bagaazje mei.
De stiigfaasje wie 750 foet de minút oant in maksimum hichte fan 16.000 foet en de heechste snelheid wie 192 kilometer de oere. It maksimale fleanberik wie 750 mijl en it heechste gewicht 4764 kg. De fleanmasine koe op ien motor fleane wat doe net gewoan wie foar in amfibyske fleanmasine. It tastel foldie bêst en fleach by partikulieren, bedriuwen en de oerheid. Der waarden sa'n 100 fan makke, yn ferskillende útfierings. Der binne no noch twa S-38's oer; ien is te sjen yn de film The Aviator (de N28V, in replika), hoewol't dat histoarysk net korrekt is.
Sikorsky S-38A | Feiten |
---|---|
Langte: | 12,27 m |
Feugelspanwiidte: | 21,85 m |
Fleugeloerflak: | 68,6 m² |
Hichte: | 4,22 m |
Motor: | 2x Pratt & Whitney R-1340 Wasp stjermotors fan 298 kW (400 hk) it stik |
Maks. faasje: | 192 km/o |
Fleanberik: | 1200 km |
Bemanning: | twa, 10 passazjiers |
Tsjinstplafond: | 4878 m |
Leechgewicht: | 2727 kg |
Fleangewicht: | 4764 kg |
In tal ferneamde lju, meast yn de FS, om't it bedriuw dêr festige wie, hawwe mei dit tastel flein, ûnder oaren:
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Sikorsky S-38 fan Wikimedia Commons. |