Sleeping Sun | ||
algemiene ynformaasje | ||
B-kant | Walking in the Air | |
artyst | Nightwish | |
album | Oceanborn | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | Metalballad | |
útbrocht | 2 augustus 1999 | |
opnommen | Caverock en Finnvox studios, augustus - oktober 1998 | |
doer | 4:01 | |
label | Spinefarm | |
skriuwer | Tuomas Holopainen | |
produsint | Tero Kinnunen | |
fideoclip | ||
Nightwish - Sleeping Sun (OFFICIAL VIDEO) |
Sleeping Sun is in nûmer dat oarspronklik opnaam is troch Nightwish yn 1999 en útbrocht op it album Oceanborn fan Nightwish út 1998. Sleeping Sun wie it alfde nûmer op it album en waard op 2 augustus 1999 útbrocht as tredde en lêste single fan it album.
Foar it nûmer is in fideoklip opnommen, wêryn't sjongeres Tarja Turunen ta gefolch fan it ljocht, read har liket te hawwen. De fideoclip befettet in soad lânskippen dy't tekenjend binne foar Finlân, lykas de bosken, de strannen en in grut nôtfjild. De fideo waard regissearre troch Sami Käyhkå en opnommen yn Ivalo en it Inarimar, Finlân, yn july 1999.
Skriem om My | ||
algemiene ynformaasje | ||
artyst | Carla de Bruine | |
taal | Frysk | |
sjenre | Metalballad | |
útbrocht | 2020 | |
skriuwer | Tuomas Holopainen | |
produsint | Nico Outhuyse | |
fideoclip | ||
Nightwish Cover - Grutte Pierproject ft. Carla DeBruine- Skriem om My (2020) | ||
resultaten | ||
hitlisten | Fryske top 100 - 11 (2020) |
Skriem om My is in bewurking fan Sleeping Sun foar it Grutte Pier Projekt nei it Keltysk-Fryske Skriem om My en waard ynsongen troch Carla de Bruine[1].
It Grutte Pierprojekt wie in trijedielige film en musical oer it libben fan frijheidstrider Grutte Pier (1480-1520), fiifhûndert jier nei syn dea. [2]
Neidat it nûmer ynsong wie troch Carla de Bruine waard it bewurke troch Nico Outhuijse. Outhuijse mikste it nûmer en drumde it opnij yn. Boppedat helle hy der in tal muzikanten by, ûnder wa ein fluitist omdat Steven de Jong woe dat it Keltysk klonk. [3]
Skriem om my giet oer it ferlies fan in dierbere. It nûmer waard produsearre troch De Kast-drummer Nico Outhuijse.[4] It nûmer wie yn 2020 mei in alfte plak de heechste nijkommer yn de Fryske Top 100.[5]
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|