Star Wars Insider | ||
algemiene ynformaasje | ||
hist. namme | The Lucasfilm Fan Club Magazine | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
taal | Ingelsk | |
sjenre | entertainment | |
frekwinsje | 1x yn 'e fjouwer moanne | |
bestean | 1987 – no | |
plak haadred. | Los Angeles (Kalifornje) | |
útjouwer | Titan Magazines | |
offisjele webside | ||
www.titanmagazines.com/t/star-wars-insider |
Star Wars Insider is it offisjele tydskrift fan 'e Star Wars-franchise, dat ienris yn 'e fjouwer moannen útjûn wurdt. It begûn yn 1987 as it orgaan fan 'e fanklub fan filmstudio Lucasfilm, ûnder de titel The Lucasfilm Fan Club Magazine, en krige yn 1994 syn hjoeddeistige titel. It blêd wurdt op 't heden útjûn troch útjouwerij Titan Magazines.
De ynhâld fan Star Wars Insider omfettet seksjes dy't de lêzers by de tiid hâlde oangeande nije ûntwikkelings mei de Star Wars-franchise, en bestiet fierders út artikels mei nijs oer eveneminten, fanfiksje, eksklusive fraachpetearen, ynstjoerde brieven fan lêzers, en foarpublikaasjes út strips en boeken oer Star Wars. Ien fan 'e fêste ûnderdielen is it hielendal troch fans fan Star Wars gearstalde nijsbrief Bantha Tracks. Star Wars Insider befettet ek in protte reklame foar sawol dingen dy't mei Star Wars te krijen hawwe as foar guon dy't der hielendal los fan steane. De ynkomsten út dy advertinsjes hâlde it blêd draaiende.
Star Wars Insider sette yn 1987 útein ûnder de namme The Lucasfilm Fan Club Magazine. It blêd waard yn 1994 omneamd ta syn hjoeddeistige titel, tagelyk mei it útkommen fan it fideospultsje Star Wars: TIE Fighter. Star Wars Insider hat in protte ferskillende útjouwers hân, mar sûnt 2007 wurdt it blêd útbrocht troch Titan Magazines.
edysjes | titel | útjouwerij |
---|---|---|
edysje 1–22 | The Lucasfilm Fan Club Magazine | Lucasfilm |
edysje 23–50 | Star Wars Insider | Fantastic Media |
edysje 51–61 | Star Wars Insider | Wizards of the Coast |
edysje 62–76 | Star Wars Insider | Paizo Publishing |
edysje 77–92 | Star Wars Insider | IDG Entertainment |
fan edysje 93 ôf | Star Wars Insider | Titan Magazines |
Behalven yn 'e Feriene Steaten en oare Ingelsktalige lannen, lykas Kanada en Austraalje, wurdt de Star Wars Insider ek troch Star Wars-fans yn oare lannen en territoaria lêzen, mar net yn Dútslân. Dat lân hat nammentlik in eigen offisjeel Star Wars-blêd: Star Wars: Das offizielle Magazin. Yn it Feriene Keninkryk bestie foarhinne ek in selsstannich blêd, Star Wars Magazine, mar dat wie in útjefte fan Titan Magazines en gie sadwaande yn 2007 op yn Star Wars Insider doe't dat blêd yn 'e hannen fan Titan kaam.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |