Strobos | ||
Grinzerstreek | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Achtkarspelen | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 315 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 3,21 km², wêrfan: - lân: 2,95 km² - wetter: 0,26 km² | |
Befolkingsticht. | 144 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 14' N 6° 12' E | |
Doarpsgebiet fan Strobos yn de gemeente Achtkarspelen | ||
Offisjele webside | ||
www.gerkesklooster-stroobos.nl | ||
Kaart | ||
Strobos is in doarp yn it noardeasten fan de gemeente Achtkarspelen. It leit oan de grins mei Grinslân, dêr't it Prinses Margrietkanaal oanslút op it Van Starkenborghkanaal.
Tegearre mei Gerkeskleaster foarmet Strobos it twillingdoarp Gerkeskleaster-Strobos.
Strobos hat 315 (1 jannewaris 2023)[2] ynwenners.
De namme soe foar it earst brûkt wêze yn 1655, doe't it Hoendjip groeven waard, en soe ferwize nei ûnderkommens fan strie foar de arbeiders dy't it kanaal groeven.
Strobos hat syn spoaren fertsjinne yn de wrâld fan skipfeart en hannel, mei't it op de grins lei en in slûs hie. De feart nei Dokkum ta hjit net foar neat Strobosser Trekfeart. Oant yn de jierren 1950 hie de stêd Grins in kanaal nei it Hoendjip wêryn de namme Strobos foarkaam.
Oant 1993 waard it doarp Strobos midstwa snien troch de grins mei de eardere gemeente Gruttegast (no gemeente Westerkertier), dy't tagelyk ek de grins mei de provinsje Grinslân foarme. Dy grins lei op de krusing fan Sarabos en de Miedwei. Om't dat in soad praktyske beswieren levere, is it Grinslanner diel fan Strobos nei Achtkarspelen oergien. It Fryske diel fan Strobos bleau lang in buorskip fan Gerkeskleaster; yn de rin fan de tiid groeide Gerkeskleaster oan Strobos fêst en tsjintwurdich rint de bebouwing yn inoar oer.
De bebouwing fan Strobos en Gerkeskleaster rint tsjintwurdich yn inoar oer, ek al binne it noch altiten twa aparte doarpen.
De lizzing oan it Prinses Margrietkanaal/Van Starkenborghkanaal is al tige lang fan grut belang foar dy doarpen. De yndustry krige al gau in kâns en yn de twa doarpen sitte dan ek en pear grutte bedriuwen. Yn 1850 waard yn Strobos de noch besteande skipswerf Barkmeijer stifte.
It doarpshûs hjit "Rehobot" en de doarpskrante "De Tweeling". Der is in feriening foar Pleatslik Belang en in Stifting Doarps Aktiviteiten. Yn Gerkeskleaster en Strobos wurdt njonken Frysk fral it Kleastersk (Kloasters) praat.
Strobos krige pas in eigen tsjerke mei de Ofskieding. Dat tsjerkje stie oan de Grinzerstreek en waard sletten nei't yn 1926 de nije tsjerke yn Gerkeskleaster boud waard. It gebou krige in oare funksje, mar bestiet noch jimmeroan.
It doarp hat mei Gerkeskleaster ien basisskoalle: de prot.-kristlike basisskoalle "De Claercamp". In eigen skoalle hat Strobos nea hân.
Jier | 2013 | 2016 | 2015 | 2020 |
---|---|---|---|---|
Ynwenners | 255 | 265 | 322 | 317 |
Alde Feart, Doarpsterwei, Fryske Streek, Grinzerstreek, Hellingstrjitte, It Breed, Hoendjip Noardside, Miedwei, Sarabos, Zwerus Kooistrjitte.
Ungefear 700 meter noardeastlik fan Strobos stiet oan de Alde Feart yn it doarpsgebiet fan Gerkeskleaster in Amerikaanske wynmotor, in poldermole dy't oanwiisd is as ryksmonumint.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Achtkarspelen | ||
---|---|---|
Doarpen en útbuorrens: Boelensloane • Bûtenpost • Droegeham • Gerkeskleaster • De Harkema • Koatstertille • Stynsgea • Strobos • Surhústerfean • Surhuzum • Twizel • Twizelerheide | ||
Buorskippen: Blauforlaet • Blauhûs • Buwekleaster • Dykhuzen • Hamsherne • Koartwâld • De Koaten • Kûkherne (foar in part) • De Lêste Stoer • Lytsepost • Ophûs • Reahel • Reaskuorre • Surhuzumer Mieden | ||
· · |