Tersoal | ||
Buorren | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
Provinsje | Fryslân | |
Gemeente | Súdwest-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 345 (2022) [1] | |
Oerflak | 4,63 km, werfan: - lân: 4,45 km² - wetter 0,18 km² | |
Befolkingsticht. | 78 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 4' N 5° 44' E | |
Offisjele webside | ||
FB-side | ||
Kaart | ||
Tersoal is in doarp yn 'e gemeente Súdwest-Fryslân. It doarp leit yn 'e De Legeaën oan 'e Snitser Aldfeart tusken Poppenwier en Sibrandabuorren en west fan Jirnsum.
Westlik fan it doarp leit de buorskip Westerein en súdlik de tige lytse buorskippen Grutte en Lytse Wierren.
It doarp waard by de wijing fan de tsjerke yn 1335 Zole neamd (Latynske fariant: Solis). Yn 1467 waard it doarp ter Soel neamd, yn 1523 allinne as Soel. De namme waard yn 1543 as ter Sool (ter Zool) stavere mar op kaart kaam de namme Soel foar. It duorre oant yn de 19e iuw dat ter in fêst ûnderdiel fan de namme waard en sûnt 1849 waard de namme konsekwint Terzool. Mei it plaknammebeslút fan de eardere gemeente Boarnsterhim waard yn 1989 de Fryske fariant as offisjele namme ynfierd. Soal ferwiist nei in wetter, mooglik de Snitser Aldfeart.[2]
It doarp ûnstie út lytse buorrens lykas it eardere buorskip Suderbuorren, dy't yn de rin fan de tiid nei inoar ta groeiden. Eartiids lei Tersoal frijwat isolearre en it doarp wie allinnich oer wetter en paden te berikken. Pas yn 1866 kaam dêr mei de oanlis fan in grintwei feroaring yn. It grutte tal fearten en sletten joech Tersoal eartiids de bynamme Lyts Feneesje en waard troch de boeren brûkt om mei preamen it fee te ferweidzjen. Dwers troch it doarp lei de feart dy't fierder nei it easten en it suden ta rûn. De feart nei it suden (no de Durk Dykstrastrjitte en Wiersterwei) waard yn de 20e iuw hielendal tichtsmiten. Fan it eastlike stik bleau noch in diel fan de sleat oer.[3]
Tersoal hat in pear states hân, dêr't lykwols net in soad bekend oer is. Grut Wigara en Itsma- of Albada State wiene oarspronklik stinzen. Nei alle gedachten waard Grut Wigara al yn 1515 ôfbrutsen en Itsma State wie yn de 16e iuw al net mear as in sate. De stinsterp fan Grut Wigara waard yn 1857 ôfgroeven. De dêrby opdolle stiennen binne brûkt foar it ferhurdzjen fan de dyk. De yn 1605 noch neamde stinswier fan Itsma State stie al yn 1718 net mear op de kaart. Op beide plakken steane hjoed-de-dei pleatsen.[4][5] Krekt eastlik fan Itsma State lei oan it Westerein Haxma State. Of dy state earder in stins west hat is net wis; it wie yn 1718 al in pleats dy't tusken 1865 en 1930 ôfbrutsen is. De terp waard ôfgroeven en wol sa goed, dat it terrein noch jimmeroan in kûle foarmet.[6] Noardlik fan Itsma State stie De Boarch, yn 1511 as op den Burch neamd. Fan dy state is neat werom te finen.[7]
De 14e-iuwske oan Sint-Fitus wijde tsjerke waard yn de 19e iuw ôfbrutsen en ferfongen troch nijbou dy't likernôch acht meter koarter waard as de oarspronklike tsjerke. De toer fan de tsjerke is 15e-iuwsk. De PKN-gemeente De Lege Geaën hat yn 2017 de Fitustsjerke oerdroegen oan in stifting, dy't de tsjerke foar kulturele aktiviteiten brûkt. Ut en troch wurde der ek spesjale tsjinsten holden.
Op 11 augustus 1889 waard de Nederdútsk Grifformearde Tsjerke fan Sibrandabuorren stifte. De tsjerke kaam tusken Sibrandabuorren en Tersoal yn 'e eartiidske buorskip Suderbuorren te stean, dat formeel by Tersoal heart. Yn 1962 waard de gemeente omdoopt ta Grifformearde Tsjerke fan Tersoal.
Oant de gemeentlike weryndieling fan 2014 makke it doarp diel út fan 'e gemeente Boarnsterhim en foar de weryndieling fan 1984 hearde it sûnt minskewitten ta Raerderhim, dat neamd wie nei ien fan 'e Fryske Himpolders fan 'e âlde Middelsee.
Doarpshûs De Tuolle stiet oan it Komelkerspaad. De Tersoalster Courant is de doarpskrante. 'Fan Feest Wis' is de feestkommisje fan Tersoal en Sibrandabuorren. 'Los fan 'e man' is in âlde tradysje dat froulju fan de Legegeaën ienris yn 't jier meiïnoar te flutterjen geane. It is gjin offisjele feriening, inkeld de namme bestiet.
By de PKN-gemeente De Lege Geaën binne Tersoal, Sibrandabuorren, Gau, Offenwier en Goaijingea oansletten. De gemeente makket wikseljend gebrûk fan de doarpstsjerken. De Tersoalster Fitustsjerke is oerdroegen oan in stifting en wurdt allinne noch brûkt foar spesjale tsjinsten en kulturele aktiviteiten.
De kristlik-nasjonale basisskoalle 'De Reinbôge' waard yn 2018 sletten. Om't der te min learlingen wiene, moast dy fusearje mei de basisskoallen fan 'e buordoarpen Gau en Sibrandabuorren. Foar de trije doarpen waard yn 2022 de nije Mienskipsskoalle De Legeaën yn Sibrandabuorren iepene.
Jier | 1840 | 1954 | 1959 | 1964 | 1969 | 1974 | 1999 | 2002 | 2005 |
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
Ynwenners | 235 | 463 | 362 | 317 | 250 | 229 | 313 | 319 | 339 |
Jier | 2006 | 2009 | 2012 | 2018 | 2020 | 2022 | |||
Ynwenners | 357 | 353 | 359 | 355 | 350 | 345 |
Alle jierren wurdt it kampioenskip Preamkeskowe holden. Der moat dan tolve kilometer boomd wurde mei in pream, neffens foarskrift yn tradisjonele boereklean. Der moat ek molkbussen meinommen wurde en eltse pream hat de Preamkeninginne fan it eigen doarp út de Legeaën oan board. De Sulveren Pream is foar de winners.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|