The Spy Who Dumped Me | ||
film | ||
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy) | ||
makkers | ||
regisseur | Susanna Fogel | |
produsint | Brian Grazer Erica Huggins | |
senario | Susanna Fogel David Iserson | |
kamerarezjy | Barry Peterson | |
muzyk | Tyler Bates | |
filmstudio | Imagine Entertainment Hercules Bron Creative Partnership | |
distribúsje | Lionsgate Films | |
spilers | ||
haadrollen | Mila Kunis Kate McKinnon | |
byrollen | Sam Heughan Justin Theroux Ivanna Sakhno Hasan Minhaj Gillian Anderson | |
skaaimerken | ||
lân/lannen | Feriene Steaten Kanada | |
premiêre | 25 july 2018 | |
foarm | langspylfilm | |
sjenre | spionaazje-aksjekomeedzje | |
taal | Ingelsk (ek wat Russysk) | |
spyltiid | 117 minuten | |
budget en resultaten | ||
budget | $40 miljoen | |
opbringst | $75,3 miljoen |
The Spy Who Dumped Me is in Amerikaansk-Kanadeeske aksjekomeedzje en spionaazjekomeedzje út 2018 ûnder rezjy fan Susanna Fogel, mei yn 'e haadrollen Mila Kunis en Kate McKinnon. De titel betsjut "De Spion dy't My Dumpte" ("dumpe" yn 'e sin fan "de ferkearing útmeitsje"), en is ferwizing nei de ferneamde James Bond-film The Spy Who Loved Me ("De Spion dy't My Leafhie"). It ferhaal folget de freondinnen Audrey en Morgan, dy't troch tadwaan fan Audrey har frijer Drew, dy't it koartby mei har útmakke hat, belutsen reitsje by spionaazjesaak. Drew blykt nammentlik by de CIA te wurkjen en hy hat geheime ynformaasje yn it besit fan Audrey efterlitten dy't derta liedt dat de beide jonge froulju troch hiel Jeropa hinne neisitten wurde troch slûpmoardners. The Spy Who Dumped Me krige fan 'e filmkritisy mingde resinsjes en wie in beskieden kommersjeel súkses yn 'e bioskopen.
Yn Los Angeles wurdt de jierdei fan 'e jonge, tsjeppe Audrey Stockman bedoarn trochdat har feint Drew it inkele dagen tefoaren fia in sms-berjocht mei har útmakke hat nei in relaasje fan hast in jier. Har bêste freondinne en hûsgenoate Morgan Freeman (dy't omreden fan har namme altyd in reservearring yn in restaurant krije kin) bepraat har om 'e dingen dy't Drew by har efterlitten hat te ferbaarnen. Se pakt ek Audrey har mobile tillefoan ôf en ynformearret Drew mei in sms-ke oer wat se mei syn besittings fan doel binne. Dat lokket einlings in reäksje fan Drew út, dy't sûnder dat Audrey en Morgan it witte op dat stuit yn 'e Litouske haadstêd Vilnius neisitten wurdt troch in kloft swierbewapene mannen dy't him besykje te fermoardzjen. Hy skillet Audrey op en ûnthjit har dat er de folgjende dei delkomme sil om syn guod op te heljen, wêrûnder in trofee dy't er wûn hat foar Amerikaansk fantasyfuotbal, dêr't er ûnreedlike grutsk op liket te wêzen.
De oare deis flirt Audrey op har wurk as kassiêre yn in winkel mei in oantreklike manlike klant, dy't himsels foarstelt as Sebastian Henshaw. Hy kriget har safier dat se meirint nei syn autobuske. Dêr oankommen lûkt er in pistoal en twingt er har om yn te stappen. Sebastian, dy't foar de Britske ynljochtingetsjinst MI6 wurket, en syn kollega fan Súdaziatysk komôf Duffer, in spesjaal agint fan 'e Amerikaansk ynljochtingetsjinst CIA, ûnderfreegje har oer har relaasje mei Drew, dy't ek foar de CIA blykt te wurkjen. Audrey, dy't dat nea tinke kinnen hie, kin harren net helpe by it opspoaren fan Drew, dy't fermist wurdt.
As in feralterearre Audrey letter thús komt, treft se dêr Morgan mei in Oekraïner oan dy't se de jûns tefoaren yn 'e kroech troffen hat dêr't Audrey har jierdeisfeest holden waard. As Drew opdaagjen komt, wurdt fan bûten mei mitrailleurs it fjoer op it appartemint iepene, dat alhiel oan grôt sketten wurdt. Drew draacht Audrey op om, mocht er it net oerlibje, syn sporttrofee de folgjende deis om alve oere nei Café Schiele yn Wenen te bringen en dêr ôf te jaan oan in Verne. Sadree't er dat sein hat, komt de Oekraïner mei in pistoal de keamer yn en sjit Drew dea, wêrnei't er sels troch Morgan fan it balkon treaun wurdt en te pletter falt. De beide freondinnen ûntkomme mei de trofee fia de needútgong en de brântrep út it appartemintekompleks, wylst in ienheid swierbewapene lju harren appartemint binnenkringt. Mei't harren paspoarten noch yn 'e auto lizze fan in koartlyn útstapke oer de Meksikaanske grins nei Tijuana, bepraat Morgan Audrey om gehoar te jaan oan Drew syn lêste wurden en de trofee nei Wenen te bringen. Op 'e lofthaven keapje se in baas koffer, dy't se folje mei alderhanne trofees, om't it neffens Morgan fertocht lykje soe om mar mei ien inkele trofee te reizgjen.
Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze. |
Yn Wenen bejouwe de beide freondinnen har nei Café Schiele, dêr't Sebastian opdaagjen komt as Morgan eefkes nei it húske is, en ûnder bedriging mei in fjoerwapen de trofee opeasket. Audrey jout ta, mar Morgan hat by de húskes in servearster mei in nammeplaatsje mei "Verne" derop rinnen sjoen en ropt Audrey ta dat Sebastian net deselde is as Verne. It hiele kafee blykt smoarfol geheim aginten te sitten dy't allegear op 'e trofee út binne, en nei Morgan har wurden brekt in wier pandemonium los, wêrby't alle oanwêzigen wapens foar it ljocht helje en inoar te liif geane. Sebastian komt úteinlik as oerwinner út 'e striid, mar tsjin dy tiid binne Audrey en Morgan al krûpendewei útpykt. Hy set ôf mei de trofee, mar as er, by in fideopetear mei syn sjef by MI6 Wendy, letter nochris goed sjocht, blykt dêr "Wrâlds Bêste Pakesizzer" op te stean: Audrey hat yn it trelit de echte trofee omwiksele mei in oarenien út har koffer.
Underwilens besykje Audrey en Morgan bûten it kafee in auto te stellen, mar as echte Amerikanen kinne se inkeld mei in automaat omgean en witte se net hoe't in pook of in hânrem wurkje. Dat, se nimme ynstee in taksy en treffe de drugsferslaafde psychopaat Lukas as taksysjauffeur, waans biedwurd is: "Eangst is in yllúzje." As se efterfolge wurde troch in stikmannich mei mitrailleurs bewapene motorriders, liedt dat ta in wyldemansrit troch de Weenske binnenstêd, wêrby't Audrey en Morgan wol deeglik dea-eangsten útsteane. Lukas wurdt úteinlik deasketten, en as de taksy ta stilstân komt, driigje de beide freondinnen deasketten te wurden troch de lêste motorrider, mar dyselde wurdt oerriden troch in passearjende touringcar ear't er sjitte kin.
Underwilens wurdt de Russyske turnster anneks mannekên anneks hiermoardneresse Nadedja op it spoar fan 'e beide freondinnen set. Audrey en Morgan stelle op it treinstasjon de paspoarten fan in pear famkes dy't dizenich op harren lykje en nimme de trein nei Praach, dêr't Roger Bernstein wennet, in bekende fan Morgan har heit, oan wa't er noch wat skuldich is. De froulju hoopje by him in skoftke ûnderdûke te kinnen. Underweis nei Praach ûntdekke se dat de trofee hol is en in USB-stick befettet.
Roger ûntfangt de beide freondinnen gastfrij yn syn wente, mar nei it iten fan it diner dat har foarset wurdt, rekket Audrey bot beroerd. As se nei de badkeamer giet om te koarjen, ûntdekt se de wiere Roger dêr dea yn it bad en beseft se dat de man dy't harren ferwolkomme hat, in dûbelgonger wêze moat. Underwilens wurdt Morgan oermastere troch de falske Roger en Nadedja, mei wa't er gearwurket, wêrnei't se har in bedwelmjend middel tatsjinje. Se wurdt by Audrey yn 'e badkeamer brocht en efterlitten. De beide stadichoan bewusteleas reitsjende freondinnen redendiele deroer wat se mei de USB-stick dwaan sille. It is sinleas as Audrey him trochslokt, om't se al in stik as tsien kear spuie moatten hat. Morgan hat al problemen mei it trochslokken fan in piltsje, lit stean in ding fan dizze grutte: eltse kear as se it besiket, hoastet en kokhalzet se it ding wer omheech.
Letter, as Audrey en Morgan wer wekker wurde, hingje se fêstbûn oan in rekstôk yn 'e fertutearze boufal fan in gymnastykseal. Yn opdracht fan in man en frou dy't Drew earder oan Audrey foarsteld hie as syn âldelju (mar dy't dat net binne), ûnderwerpt Nadedja de beide freondinnen oan in hurdhannige ûnderfreging oer wêr't de USB-stick bedarre is, mar Audrey hâldt út dat se it ding troch de wc spield hat. De "âldelju fan Drew", dy't oan it haad steane fan in Russysk misdiesyndikaat, meitsje dúdlik dat Drew mei harren ûnderhannele oer de ferkeap fan 'e USB-stick, en dat er de oanwêzigens fan Audrey by harren moeting brûkte as bewissiging dat se him net út 'e wei romje woene. Underwilens hawwe Sebastian en Duffer de lokaasje fan 'e beide froulju opspoard. Duffer jout befel om 'e gymnastykseal plat te bombardearjen mei de bemuoisuchtige freondinnen der noch yn, mar Sebastian slacht him bûten westen en giet nei binnen ta om Audrey en Morgan te rêden, wat him nauwerneed slagget as Duffer wer bykomt en it bombardemint dochs noch trochgean lit.
Neitiid wurde de beide freondinnen mei Sebastian nei Parys ta brocht, dêr't se Wendy moetsje en ûnderfrege wurde troch de ûnsympatike Duffer. Wendy beslút úteinlik da se op it earstfolgjende fleantúch werom nei de Feriene Steaten set wurde moatte, en dat Sebastian tydlik ûntheft wurdt út syn funksje om't er tsjin befellen fan oerhearrigen yngien is. Duffer lit him de beide froulju nei de lofthaven ride, om't dat it iennichste is dêr't er goed foar is, mar ûnderweis beprate Audrey en Morgan him om mei syn trijen fierder te gean mei de saak. It docht nammentlik bliken dat Audrey de USB-stick dochs net troch it húske spield hie, mar it ding ynstee ferburgen hie yn har fagina. Se ride nei in bibleteek ta, dêr't Sebastian de ynformaasje op 'e USB-stick besjen wol, dy't lykwols swier kodearre is. Dêrop skillet Morgan de klokkelieder Edward Snowden, mei wa't se yn it ferline in relaasje hân hat (en dy't nei har sizzen tige yn 'e ban is fan skamuzyk). Mei syn help is it in kâld keunstke om 'e ynformaasje te dekodearjen. It docht bliken dat de USB-stick in universele efterdoar befettet, wêrmei't men by alle persoanlike gegevens kin fan eltsenien op it hiele ynternet.
Trijeresom naaie Sebastian, Audrey en Morgan út Parys wei út nei Amsterdam, dêr't se ûnderdûke yn in jeugdherberge en in keamer diele moatte mei in mânske Finske backpacker. Dêr wurde se oerfallen troch Duffer, dy't korrupt blykt te wêzen en de USB-stick sels hawwe wol om him te ferkeapjen. As er op it punt stiet harren te fermoardzjen, wurdt er sels by in hommelse útbarsting fan geweld om it libben brocht troch de Fin, dy't mient dat it om in oerfaller giet, wat yn sekere sin ek sa is. Op 'e mobile tillefoan fan Duffer komt in tekstberjocht binnen mei in foarstel om 'e oerdracht fan 'e USB-stick tsjin it jild út te fieren by in feest yn it Deutsches Technikmuseum yn Berlyn
Dat, it trijetal reizget dêrhinne. Audrey en Sebastian ynfiltrearje it feest troch it plak yn te nimmen fan 'e Kanadeeske ambassadeur en de frou, wylst Morgan har by in troep akrobaten jout. Sebastian giet op ûndersyk út, mar wurdt delslein. Audrey, dy't earst efterbleaun wie, giet nei him op 'e siik, wylst Morgan by in trapeze-act konfrontearre wurdt mei Nadedja. Dy besiket har te fermoardzjen wylst se beiden heech yn 'e loft hinne en wer slingerje en it publyk mar mient dat it allegearre by de foarstelling heart. Op 't langelêst wit Morgan mei de hiermoardster ôf te weven troch har fan 'e trapeze te wâdzjen op it momint dat dy boppe in útstalling fan in kloft ankers slingeret, wêrnei't Nadedja op ien fan dy dingen delkomt en speetst wurdt.
Underwilens treft Audrey de keaper, dy't nimmen oars as Drew blykt te wêzen, dy't dochs net deasketten is yn Audrey har appartemint yn Los Angeles. Drew hâldt út dat Sebastian foar it Russyske misdiesyndikaat wurket, mar de yn 'e tuskentiid wer bykommen Sebastian seit itselde oer Drew. Sebastian wurdt gizele troch "Drew syn âldelju", dy't lykwols troch Drew deasketten wurde om oan Audrey te bewizen dat hy dejinge is dy't de wierheid sprekt. Audrey twifelet lykwols, wylst Drew en Sebastian mar trochgeane mei inoar derfan te beskuldigjen dat se har ferret hawwe. Drew, de iennichste fan 'e beide dy't bewapene is, sjit Sebastian del, en Audrey beart dat se bliid is dat se him werom hat en krûpt him oan. As er, nei't se him de USB-stick jûn hat, syn pistoal wer pakke sil om har dea te sjitten, ûntdekt er dat se him dat by de omearming ûntfytmanne hat sûnder dat er it murk. As Audrey sjitte wol, blykt it magazyn leech te wêzen, mar as Drew har oanfalt, smyt Morgan, dy't harren beslûpt hat, him in kanonskûgel út ien fan 'e útstallings tsjin 'e holle oan. Dêr hat er net fan werom, en as de Dútske plysje arrivearret, kin er sûnder problemen yn 'e boeiens slein wurde.
Neitiid blykt Sebastian noch te libjen, om't er ûnder syn smoking in kûgelfrij fest droech. Wylst hy en Audrey inoar oankrûpe en tútsje, brûkt Morgan syn tillefoan om har âlden op te skiljen en te fertellen dat alles goed beteard is. Nei't se ophongen hat, ûntfangt se in tillefoantsje fan Wendy, dy't har in boadskip foar Sebastian oannimme lit: hy wurdt kommende moandei wer op syn wurk ferwachte. Morgan reägearret, ta Wendy har skrik, troch te sizzen dat se moandei alle trije paraat stean sille. In jier letter, as it wer Audrey har jierdei is, foarmje sy, Morgan en Sebastian in team fan ynternasjonale spionnen, en binne se op misje yn Tokio om it op te nimmen tsjin 'e yakuza.
personaazje | akteur/aktrise |
Audrey Stockman | Mila Kunis |
Morgan Freeman | Kate McKinnon |
personaazje | akteur/aktrise |
Sebastian Henshaw | Sam Heughan |
Drew Thayer | Justin Theroux |
Nadedja | Ivanna Sakhno |
Topher Duffer | Hasan Minhaj |
Wendy | Gillian Anderson |
Lukas | Kev Adams |
Tom | James Fleet |
Roger Bernstein | Fred Melamed |
Carol Freeman | Jane Curtin |
Arnie Freeman | Paul Reiser |
Marsha | Carolyn Pickles |
Viktor | Dustin Demri-Burns |
Edward Snowden | Tom Stourton |
Finske backpacker | Ólafur Darri Ólafsson |
Tess Baker-Tonetti | Lolly Adefope |
Verne | Mirjam Novak |
The Spy Who Dumped Me waard regissearre troch Susanna Fogel nei in senario fan harsels en David Iserson. As produsinten wiene Brian Grazer en Erica Huggins by it projekt belutsen foar de filmstudio's Imagine Entertainment en Hercules Bron Creative Partnership. De film wie dêrmei in Amerikaansk-Kanadeeske ko-produksje. Foar The Spy Who Dumped Me wie in budget beskikber fan $40 miljoen. De kamerarezjy wie yn 'e hannen fan Barry Peterson, en de filmmuzyk waard fersoarge troch Tyler Bates.
De opnamen foar The Spy Who Dumped Me setten yn july 2017 útein en duorren oant yn septimber fan dat jier. Der waard filme yn Hongarije (Boedapest), Dútslân (Berlyn), Nederlân (Amsterdam), Litouwen (Vilnius), Frankryk (Parys), Tsjechje (Praach), Eastenryk (Wenen) en de Feriene Steaten (Los Angeles en Atlanta).
De distribúsje fan The Spy Who Dumped Me waard fersoarge troch Lionsgate Films. De film gie op 25 july yn Los Angeles yn premiêre, en iepene dêrnei op 3 augustus yn 'e Amerikaanske bioskopen. The Spy Who Dumped Me waard op 30 oktober 2018 útbrocht op dvd en blu-ray.
Fan 'e filmkritisy krige The Spy Who Dumped Me mingde resinsjes. Sa hie Owen Gleiberman yn it tydskrift Variety lof foar it aktearjen fan Kate McKinnon, mar krityk op 'e film om dy geweld de oerhân jaan soe oer komeedzje. Hy omskreau The Spy Who Dumped Me as "in film dy't mar net lykje kin te beslissen oft er no in lichtfuottige komeedzjefilm wêze wol of in topswiere oefening yn megageweld út B-films." Yn The Arizona Republic wie Barbara Vandenburgh it dêrmei iens en parte de film mei 2 fan 5 stjerren ta. Hja skreau: "Faaks is it probleem wol net in gebrek oan ambysje, mar krekt in oerskot dêroan. The Spy Who Dumped Me besiket ommers oprjocht om wol in stik as fiif, seis dingen tagelyk te wêzen […]." Ek Peter Travers fan Rolling Stone hie krityk op 'e film dy't er "pynlik ûngrappich" neamde.
Oan 'e oare kant fan it spektrum priizge Richard Brody fan The New Yorker de film mei de wurden: "Mila Kunis en Kate McKinnon geane harsels op fleurige wize te bûten binnen it romme mar sekuere ramt fan 'e brûzjende aksjekomeedzje fan Susanna Fogel." Yn 'e Los Angeles Times wie Justin Chang ek tige posityf oer de film. Hy skreau: "The Spy Who Dumped Me [is] in grappige, Jeropa bereizgjende […] komeedzjefilm mei in heech tempo." Yn The New York Post fûn Johnny Oleksinski dat it moai wie om te sjen hoe't McKinnon noris korrekt ynset waard yn in film, en ek dat Kunis de ideäle oanjouwer is, sadat it in slimme set wie om harren oaninoar te keppeljen.
Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat The Spy Who Dumped Me in midsmjittich goedkarringspersintaazje fan 49%, basearre op 203 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "[Dizze film] is net de grappichste of orizjineelste spionaazjekomeedzje, mar Kate McKinnon is like twangmjittich yn har besjochberens as altyd." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet The Spy Who Dumped Me in goedkarringspersintaazje fan 52%, basearre op 43 resinsjes.
The Spy Who Dumped Me brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $33,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $41,7 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $75,3 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $40 miljoen betsjut dat in winst fan $35,3 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte.
The Spy Who Dumped Me waard yn 2018 nominearre foar twa People's Choice Awards, wêrûnder dy yn 'e kategory favorite aktrise yn in komeedzjefilm foar Mila Kunis. De film wûn de priis foar favorite komeedzjefilm.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |