Thomas Lovell Beddoes | ||
skriuwer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Thomas Lovell Beddoes | |
nasjonaliteit | Britsk | |
berne | 30 juny 1803 | |
berteplak | Bristol (Ingelân) | |
stoarn | 26 jannewaris 1849 | |
stjerplak | Basel (Switserlân) | |
etnisiteit | Ingelsk | |
wurk | ||
taal | Ingelsk | |
sjenre | poëzij, toaniel | |
perioade | 1e helte 19e iuw | |
bekendste wurk(en) |
The Bride's Tragedy Death's Jest-Book | |
jierren aktyf | 1821 – 1849 | |
offisjele webside | ||
n.f.t. |
Thomas Lovell Beddoes (Bristol, 30 juny 1803 – Basel, 26 jannewaris 1849) wie in Britsk dichter, toanielskriuwer en dokter. Hy ûnderhold himsels syn hiele libben as medikus, en nei in pear iere útjeften publisearre er neat mear, hoewol't er oan syn dea ta trochgie mei skriuwen. Hy krige slimme geastlike swierrichheden, en makke úteinlik in ein oan syn libben troch him te fergiftigjen. Hy is it bekendst om syn postúm ferskynde toanielstik Death's Jest-Book, sij it mear troch de gedichten dy't dêryn foarkomme, as troch it stik sels.
Beddoes waard berne yn it Ingelske Bristol as de soan fan dokter Thomas Beddoes, in freon fan 'e ferneamde dichter Samuel Taylor Coleridge, en Anna Edgeworth, in suster fan de Ierske skriuwster Maria Edgeworth. Hy genoat syn oplieding oan 'e Charterhouse School yn Godalming, yn it greefskip Surrey, en letter oan it Pembroke College fan 'e Universiteit fan Oxford. Yn 1821 publisearre er The Improvisatore, dat er letter besocht werom te nimmen. Syn folgjende útjefte, yn 1822, wie in toanielstik yn blank fers mei as titel The Bride's Tragedy, dêr't er loovjende kritiken foar krige, en dat him in freonskip opsmiet mei de dichter Barry Cornwall.
Beddoes syn wurk lit oanhâldend in fassinaasje mei de dea sjen. Yn 1824 ferfear er nei it Dútske Göttingen om dêr medisinen te studearjen. Dat wie him ynjûn troch syn hope om fysyk bewiis te ûntdekken foar it bestean fan 'e minsklike siel, dy't oerlibbet as it lichem stjert. Yn Göttingen waard er úteinlik fan 'e universiteit stjoerd, mar yn Würzburg makke er syn stúdzje ôf. Neitiid doarme er al praktisearjend om, wylst er demokratyske ideeën útdroech dy't yn 'e njoggentjinde-iuwske Dútske steaten fan oerheidswegen net wurdearre waarden. Yn 1833 waard er ferballe út Beieren, en yn 1840 moast er ek it Switserske Suerich, dêr't er him tsjin dy tiid nei wenjen set hie, ferlitte.
Hy gie ûnderwilens almar troch mei skriuwen, mar publisearre neat mear. Nei't er út Switserlân wei rekke wie, late er op 'e nij in swalkersbestean. Yn 1846 brocht er in hoartsje yn Ingelân troch, mar mei gauwens kearde er wer werom nei Dútslân. Hy krige hieltyd mear geastlike problemen, en op 26 jannewaris 1849 die er himsels úteinlik yn it Switserske Basel tekoart troch gif yn te nimmen. Beddoes wie doe 45 jier. Syn lêste wurk, dêr't er in moai hoart foar syn dea mei besteld west hie, wie it toanielstik Death's Jest-Book (It Moppeboek fan Hofnar Dea), in satiryske imitaasje fan in renêssansistyske wraaktrageedzje dy't him dwaande hâldt mei fragen oangeande stjerlikens en ûnstjerlikens. It stik waard yn 1850 publisearre troch ien fan Beddoes syn freonen, de abbekaat T.F. Kelsall, dy't der in beheinde biografy oan tafoege. Beddoes syn samle fersen (Collected Poems) waarden útjûn yn 1851.
Literatuerkritisy hawwe oer it algemien net in hege pet op fan Beddoes as toanielskriuwer. De dichter en kritikus Arthur Symons sei oer him: "fan echte krêft op it mêd fan 'e dramatyk hied er neat. Hy koe noch in gearhingjende plot optinke, noch in oannimlike sitewaasje ûntjaan." Syn ferhaallinen binne yngewikkeld en fiersocht, en syn obsesje mei libben en dea wie sa grut dat it him net slagge om syn personaazjes te yndividualisearjen: se wrakselje allegearre mei persiis deselde kwestjes as hysels. Mar syn poëzij is tige djip en prachtich formulearre, wat der de reden foar wie dat de kritikus Lytton Strachey Beddoes oantsjutte as "de Lêste Elizabetaan". Guon dichterlike passaazjes út Death's Jest-Book, lykas If There were Dreams to Sell en If Thou Wilt Ease Thine Heart wurde beskôge as masterwurken fan 'e Ingelske dichtkeunst.
Yn 1999 brocht klassyk oersetter Klaas Bruinsma de Lyksang út it Moppeboek fan Hofnar Dea oer yn sawol it Frysk as it Nederlânsk. It gedicht waard by gelegenheid fan 'e iuwiksel útjûn yn in trijetalige ferzje yn in beheinde oplaach fan 30 eksimplaren troch de Koekanger Handpers.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|