Titelside fan De Bron-swaan.De opgraving yn Borger troch Titia Brongersma (links) (1685). Yn: Ludolph Smids, Schatkamer der Nederlandse Oudheden (1711). Gravuere fan J. Schijnvoet.
Titia Brongersma (± 1650, Dokkum - ±1700, Grins) wie in Frysk-Grinzer dichteresse oan de ein fan de 17e iuw. Yn 1686 ferskynde fan har in printe bondel, De Bron-swaan.
Tita Brongersma wie in dochter fan Bronger Wytses, sjirurgyn, en Aeltien Koertsdochter. Hja hat nei alle wierskyn nea troud west. Sy hie in soad kunde oan lju út de maatskiplike en kulturele elites fan Fryslân en Grinslân, dat it liket der op dat se út in foansteand Frysk laach kaam (de Brongersmas).
Neist har dichtwurk waard Titia Brongersma bekend fanwege har ûndersyk nei Hunebêden; yn juny 1685 liet hja in grut hunebêd yn Borger (Drinte) opgrave. De oanlieding dêrta wie in besite oan Jan Laurens (Lentinck), "schulte" fan Borger yn Drinte op Pinkster1685. It wie it earste fjildûndersyk fan in Nederlânsk hunebêd. It fernuvere har al doe't bliken die dat it in âld begraafplak wie en net in fan reuzen "opgestapelde steenhoop". Sy skreau doe it gedicht Loflied op 't hunebed.
Lof op 't hunebed, of de ongemene, opgestapelde steenhoop te Borger in Drente
'k Sta als verbaasd deez' steenmijt aan te schouwen.
De Bron-swaan of mengeldigten van Titia Brongersma. Grins, 1686.
Mooglik hat der noch in twadde dichtbondel west: Hemelse Orgeltoonen (gjin eksemplaar bekend).
Met en zonder lauwerkrans. Schrijvende vrouwen uit de vroegmoderne tijd 1550-1850: van Anna Bijns tot Elise van Calcar. Under redaksje fan Riet Schenkeveld-van der Dussen, Karel Porteman, Lia van Gemert en Piet Couttenier. Amsterdam University Press, Amsterdam, 1997, 970 s. Hjiryn: L.E. Jensen, Titia Brongersma. Centrum van vriendinnenkring. (side 413-417).
Lotte Eilskov Jensen en Harm Nijboer - Titia Brongersma. Een Friese dichteres in de 17e eeuw, yn: Fryslân, Nieuwsblad voor geschiedenis en cultuur, jg. 4 (1998), nr. 2, siden 3-5. Online beskikber