Vaartse Rijn | ||
De Vaartse Rijn yn Utert rjochting it sintrum sjoen | ||
geografy | ||
lân | Nederlân | |
Provinsje | Utert | |
ûntspringt yn | Utert | |
lokaasje boarne | 52° 8' 11" NB, 5° 12' 38" EL | |
mûnet út yn | Lek by Vreeswijk | |
lokaasje mûning | 52° 0' 29" NB, 5° 9' 18" EL | |
plakken | Utert, Nieuwegein |
De Vaartse Rijn, yn de âlde stavering Vaartsche Rijn skreaun, is in kanaal yn de Nederlânske provinsje Utert, dy't fan it sintrum fan de stêd Utert nei Vreeswijk yn Nieuwegein oan de Lek rint. De Vaartse Ryn wie eartiids in wichtige wetterwei dy't Utert mei de Ryn ferbûn.
Yn 1122 waard de Krûme Ryn by Wyk by Duerstêd, dêr't er fan de Nederryn ôfspjalte, troch biskop Godebald fan Utert ôfdamme.[1][2] Yn de Romeinske tiid wie de Krûme Ryn de haadstream fan de Ryn, dochs wie yn dy tiid mar in lytse ôfspjalting wurden. De Lek en de Waal wiene doe de wichtichste streamen fan de Ryn wurden. De Krûme Ryn waard ôfdamme om tefoarren te kommen dat lânguod fan de biskop by Wyk by Duerstêd ûnder wetter strûpe soe. Troch de daam yn de Krûme Ryn waard skipfeart fan de Ryn nei Utert behindere. De gilden fan de stêd Utert besleaten in kanaal te graven om in nije ferbining mei de Ryn mooglik te meitsjen.
Yn 1127 waard úteinset mei it graven fan de earste faze fan de Vaartse Rijn, dy't ek wol de Rjochte Ryn neamd waard ta tsjinstelling fan de Krûme Ryn. Dêrmei is it kanaal ien fan de âldste fan Nederlân. It earste part waard groeven fan de stedsgrêft, dy't om Utert hinne rûn, nei Liesbosch, hjoed-de-dei in wyk yn Nieuwegein. Yn it midden fan de tolfde iuw waard it kanaal ferlinge yn de rjochting fan de Hollânske Isel, it saneamde Doorslag-kanaal. Dêr't it kanaal yn de Hollânske Isel útmûne, waard in slûs boud ta beskerming foar oerstreamings. Yn dy tiid hie de Hollânske Isel in iepen ferbining mei de Lek.
Yn 1285 damme de Hollânske greve Floaris V de Hollânske Isel nei de Lek ta ôf. Om Utert oan de Lek ferbûn te hâlden hjitte Floaris it graven fan de tredde faze fan de Vaartse Rijn. Dy waard groeven oant de Lek by Vreeswijk ta en wurdt wol de Nieuwe Vaart (Nije feart) neamd. Yn 1373 waard de Vaartse Rijn ferdjippe en waard der in slûs, Oude Sluis (âlde slûs), by Vreeswijk ynboud.
Yn de iuwen dêrnei waard de Vaartse Rijn in wichtige farrûte en ûntsteien der bedriuwen by it kanaal del. Yn 1825 liet kening Willem I it kanaal fierder útbaggerje en waard it kanaal part fan de Keulske Feart en yn 1892 fan it Merwedekanaal. Yn 1931 waard it Amsterdam-Rynkanaal groeven en ferlear it kanaal syn wichtige funksje foargoed. Allinnich yn Utert en Vreeswijk binne noch parten fan de oarspronklike Vaartse Rijn oer.
A. van Hulzen, Het Schrale End : langs de Vaartse Rijn van het Ledig Erf naar Jutfaas; Utert : Stifting De Plantage, 1995
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|