![]() |
Dit artikel is in stobbe oer akteur.
Jo wurde útnûge en foegje jo witten hjir ta. |
Vahina Giocante (Pithiviers, 30 juny 1981) is in Frânske aktrise.
As Marie yn Marie Baie des Anges (1998), heart sy by in groep jonge swalkers dy’t belutsen reitsje yn leafde, haat en geweld oan de Frânske Riviêra.
Yn de film Lila dit ca spilet Giocante in tsiender dy’t mei har muoike yn in rûge (arabyske) wyk fan Marseille wennet. In kritikus fan de New York Times fergelike har mei Brigitte Bardot yn And God Created Woman: a femme more vitale than fatale.
Kritikus A.O. Scott mient dat Giocante har kombinaasje fan ûnskuldichheid en it witten fan har frouwêzen frijwat oerweldichjend is. Lykwols meitsje har charisme en Doueiri's styl fan filmjen dat Lila Says in moaie kombinaasje fan romatyk en ierdskens hat. De film waard ôflaat fan in roman út 1996 fan in anonime skriuwer.
Sy waard berne ûnder Orléans en besocht it Paul-Cézannelyseum yn Aix-en-Provence; earder dûnse sy ek by de Opera fan Marseille. Vahina hat ferkearing mei de ferneamde ûntwerper Ora-Ïto.