Verdell Primeaux | ||
sjonger en/of muzikant | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Verdell Primeaux | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 1966 | |
berteplak | Scottsbluff (Nebraska) | |
etnisiteit | Ponka Dakota-Sû | |
wurkpaad | ||
sjenre | peyote | |
sjongtaal | ferskaat | |
ynstrumint | rattel, wettertromme | |
jierren aktyf | ±1990 – no | |
prizen | Grammy Award 2002 | |
offisjele webside | ||
gjint |
Verdell Primeaux (Scottsbluff (Nebraska), 1966) is in Amerikaansk sjonger, muzikant en lietsjeskriuwer fan etnysk Yndiaansk komôf.
Primeaux waard yn 1966 berne yn Scottsbluff (Nebraska), yn 'e Amerikaanske steat Nebraska, as de soan fan 'e peyotesjonger Francis Primeaux sr. Hy is fan mingd Ponka en Jankton-Westlike Dakota-komôf. Primeaux wennet op 't heden mei frou en bern yn Tuba City, yn Arizona.
Primeaux is in sjonger, muzikant en lietsjeskriuwer yn 'e peyotetradysje fan 'e Lânseigen Amerikaanske Tsjerke (NAC), wêrby't er himsels begeliedt op 'e rattel en de wettertromme. Tegearre mei de Navaho-Yndiaan Johnny Mike foarmet er it duo Primeaux and Mike. Yn 2002 wûnen se in Grammy Award, de wichtichste Amerikaanske muzykpriis, foar harren album Bless the People: Harmonized Peyote Songs. Datselde jiers wûnen se foar datselde album ek in Nammy Award (Native American Music Award).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |