Vickers Wellesley | |
---|---|
Rol | Bommesmiter |
Makker | Vickers-Armstrongs |
Untwerper | Barnes Wallis |
Earste flecht | 19 juny 1935 |
Yn tsjinst | 1937 |
Ut tsjinst | 1944 |
Tal makke | 177 (1936–1938) |
Brûkers | Royal Air Force, Egypte, Súd-Afrika |
Farianten | 8 |
De Vickers Wellesley wie in lichte Britske bommesmiter út 1935.
De romp en fleugels wiene makke as in geodetyske konstruksje fan aluminium spanten, bespand mei linnen. As motor waard in 925 PS Bristol Pegasus-XX tapast.
De RAF bestelde 176 tastellen, dy't oant 1938 levere waarden.
By it útbrekken fan de Twadde Wrâldkriich wie it tastel al tige ferâldere, dat it waard mear brûkt oan it Jeropeeske front. Wol hat de Wellesley fan 1940 oant 1942 yn Afrika, Egypte en it Heine Easten operasjoneel west.
Twa, mei ekstra brânstoftanks útriste en streamline, Wellesleys waarden ferneamd doe't der yn 1938 in lange-ôfstâns-flecht mei dien waard. Op 5 novimber 1938 fleagen twa Wellesleys sûnder stoppen yn twa dagen fan Egypte nei Darwin yn Austraalje. Dit wie in rekord; de ôfleine ôfstân wie 11.525 km.
Der binne 8 farianten fan de Wellesley produsearre.
Vickers Wellesley Mk I: | |
Ofmjittings | Feiten |
---|---|
Lingte | 11.96 m |
Fleugelspanwiidte | 22.73 m |
Draachoerflak | 58.5 m² |
Hichte | 3,75 m |
Motor | ien Bristol Pegasus-XX-stjermotor mei 925 HK (690 kW) |
Heechste faasje | 369 km/o |
Fleanberik | 1.786 km |
Bemanning | twa |
Tsjinsthichte | 10.060 m |
Leechgewicht | 2.889 kg |
Fleangewicht | 5.035 kg |
Maks. Fleangewicht | 5.670 kg |
Bewapening | twa 7,7 mm Vickers-MGs, maks. 907 kg bommen |