Wedde | |
---|---|
Flagge | Wapen |
Polityk | |
Lân | Nederlân |
Provinsje | Grinslân |
Gemeente | Westerwâlde |
Sifers | |
Ynwennertal | 1.300 (1 jannewaris 2019) |
Oar | |
Stifting | 1628 |
Tiidsône | UTC +1 |
Simmertiid | UTC +2 |
Koördinaten | 53°4′ NB 7°5′ EL |
Wedde is in doarp en eardere gemeente yn de gemeente Westerwâlde yn de provinsje Grinslân. It doarp leit oan de Westerwâldske Aa en leit 9 kilometer besúdeasten Wynskoat. It wie fan 1811 oant 1968 in selsstannige gemeente doe't it mei Bellingwolde gearfoege waard ta de gemeente Bellingwedde, dêr't it it haadplak fan wie. Yn 2018 waard Bellingwedde mei de gemeente Vlagtwedde gearfoege ta de nije gemeente Westerwâlde.
It gemeentehûs fan Bellingwedde wie yn it eardere kantoar fan it eardere wetterskip Dollardzijlvest.
Wedde wie oant 1968 in selsstannige gemeente. Ta dy gemeente hearden njonken it haadplak de folgjende doarpen, buorskippen en útbuorrens: Blijham, Hoornderveen, Hoorn, Lutjeloo, Morige, Tjabbestreek, Wedderheide, Weddermarke en Wedderveer. It gemeentehûs stie yn Blijham.
De N368 rint by it doarp del.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|