Westergeast (Kollumerlân)

Westergeast
Flagge fan Westergeast Wapen fan Westergeast
Flagge Wapen
Lokaasje fan Westergeast
Gemeente Noardeast-Fryslân
Ynwennertal (2022) 613
Webstee Webstee Westergeast
De tsjerke fan Westergeast

Westergeast (pleatslik ek: De Geast) is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Westergeast leit noardlik fan De Trieme, eastlik fan Driezum en noardwestlik fan Aldwâld. Yn 2022 hie Westergeast 613 ynwenners. De doarpskearn leit om de Kalkhúswei, Bumawei en Eelke Meinertswei, by de tsjerke fan Westergeast, hinne.

De buorskippen Beintemahûs, Westerbuorren, Weardebuorren, De Bûnte Hûn (diel) en Keatlingwier hearre ek by Westergeast. Earder hearde De Trieme ek by Westergeast mar dat is sûnt 1940 in selsstannich doarp.

It doarp is ûntstien op in sânhichte. It wie sa ek in taflecht as der wer ris in wetterfloed wie. De namme wurdt wol ferklearre as de geast, sânhichte, bewesten De Wygeast.

Van der Aa neamt as buorskippen Beintemahûs, De Trieme, Weardebuorren, Westerbuorren en De Wurden. Andrea neam ek noch Hanenburch, Keatlingwier Sânbulten en Sweagerfean. Alear wie it doarpsgebiet grutter as it no is. De Trieme is selsstannich wurden en earder Sweagerfean en Sânbulten binne no part fan Kollumersweach.

De Wikipedy hat ek in side Herfoarme tsjerke (Westergeast).
De tsjerke neffens in tekening fan Jan Bulthuis (1791)
Eelke Meinertswei 22

De tsjerke fan Westergeast is likernôch fan 1150. Der moat earst in dowestiennen tsjerkje stien hawwe, dêr't lykwols net folle fan werom te finen is. De hjoeddeiske romaanske tsjerke wie de twadde tsjerke. De patroanhillige wie Sint Marten. De geastliken waarden mei de stimhawwenden oanwiisd troch it kleaster fan Dokkum. Oarspronklik wie de toer in sealtektoer, mar yn 1802 is de toer ferlege en hat er in spits krige.

Yn it koar fan de tsjerke binne der noch fragminten fan ferwulfskilderingen. By de restauraasje yn 1957 binne dy wer dúdliker makke. Yn de tsjerke stiet in hiel ienfâldige hearebank foar de bewenners fan Beintemahûs. In bysûnderheid binne de beide balken dêr't de beide doarren fan binnenút mei ôfsletten wurde kinne. Ek yn tiden fan gefaar gienen de minsken foar har feiligens de tsjerke yn.

  • Teijenswei - nei skoalmaster Harmen van Teijen dy't yn 1796 skoalmaster yn Westergeast wie. Hy hat oant 1810 ek doarpsrjochter west en letter wie er fjildwachter. Yn 1954 krige de strjitte syn namme.
  • Bumawei - waard oant 1954 de Achterwei neamd. Pas yn 1925 waard de modderwei befluorre. Oant 1900 stienen der allinnich mar in pear pleatsen oan. De wei is neamd nei de destiids foaroansteande famylje Buma. Der wie ek in pleats nei neamd, de Buma State, no Bumawei 21.
  • Trekwei - De trekwei fan Dokkum nei Strobos rint 2,5 km oer grûngebiet fan Westergeast. De trekfeart foar trekskûten waard groeven fan 1654-1656, letter kaam der in wei neist te lizzen.
  • Kalkhúswei - Eartiids stie it Kalkhús lâns de Trekwei, it hús wurdt yn 1758 foar it earst neamd. De brêge waard de Hamstertille neamd. It hús wie earst in opstapplak foar passazjiers fan it beurtskip. De namme Kalkhús komt grif omdat der eartiids skulpen oanfierd waarden dêr't kalk út makke waard yn kalkûnen. Om 1905 waard de wei ferhurde. De earste namme foar de wei wie Lykwei om't er oansluet op it Lykpaad oan de oare kant fan de Trekfeart.
  • Eelke Meinertswei - tusken de Keuningsbrêge en de Bûntehûsbrêge, de ienige wei yn Westergeast dy't foar in part troch it doarp en foar in diel troch it bûtengebiet rint. Foar 1954 ek wol Foarwei neamd. Yn 1954 neamd nei ûnderwizer/dichter Eelke Meinerts (1732 - 1810) dy't yn 1775 ûnderwizer wie yn Westergeast.
  • Weardebuorsterwei - begjint by de Keuningsbrêge oer de Nije Swemmer en rint troch oant de Wâlddyk. Eigentlik bestiet de Weardebuorsterwei út twa âlde wegen en in letter dêrtusken oanlein ferbiningsstik. It stik fanôf de Keuningsbrêge oant de Keatlingwiersterhoeke is ûnderdiel fan de âlde wei fan Kollum nei Dokkum.
  • Beintemawei - stikje Wâlddyk yn de uterste noardwesthoeke fan Westergeast. It komt der op del dat de Wâlddyk oer in ôfstân fan in pear hûndert meter in oare namme hat.

Keppeling om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]
Wikimedia Commons Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Westergeast fan Wikimedia Commons.
Noardeast-Fryslân
Stêd:
Dokkum
Doarpen en útbuorrens:
AldwâldBurdaardBlijeBoarnwertBoerumBrantgumEalsumEanjumEasternijtsjerkEastrumFeankleasterFerwertFoudgumGinnumHallumHantumHantumerútbuorrenHantumhuzenHegebeintumHolwertIeIngwierrumJannumJislumJouswierKollumKollumersweachLichtaardLytsewâldDe Lytse JouwerLjussensMarrumMitselwierMoarreModdergatMuntsjesylNesNijewierPeazensDe PompRaardReitsumDe SkânsSweagerboskTernaardDe TriemeWaaksensWânswertWarfstermûneWestergeastWetsensWierum
Buorskippen:
Ald TerpAldwâldmersylBartlehiem (foar in part) • BeintemahûsBetterwurdBoarnwerterhoekeBoarnwerthuzenBoatebuorrenBollingwierBrânbuorrenBûnte HûnDe DellenDykshoarneDokkumer Nije SilenEasterbeintumFarebuorrenFiifhuzen (Hallum)Fiifhuzen (Ternaard)FiskbuorrenFjildbuorrenGrut MidhuzenHallumerhoekeHanenburchHantumerhoekeHealweiHústernoardIesumasylJewierKeatlingwierDe KegenKletterbuorrenKollumer AldsylDe KolkKrabbuorrenLeechlânDe LeechteLyts MidhuzenLytse LeardLytse WierMeddertMûnebuorrenNijlânIt ParadyskeDe ReidswâlDe RypSânbultenSânhuzenSibrandahûsDe SkânsSkernehuzen't SkoarStienharstIt StienfekStiemTeardTeyebuorrenTergrêft (foar in part) • Ter LuneDe TibbenTilbuorrenTiltsjebuorrenTrijeboerehuzenWeardebuorrenWesterbuorrenWesternijtsjerkWieDe WygeastDe Wurden
· · Berjocht bewurkje