Wilhelm Bleek

Wilhelm Bleek

Wilhelm Heinrich Immanuel Bleek (Berlyn, 8 maart 1827Kaapstêd, 17 augustus 1875) wie in Dútsk taalkundige. Hy wurdt it meast tebinnenbrocht troch syn wurk A Comparative Grammar of South African Languages en it grutte projekt yn 'e mande mei syn skoansuster Lucy Lloyd (1834-1914) : de stúdzje fan de ǀxam taal en !kun, lânseigen talen fan Súd Afrika. Hy wie troud mei Jemima Lloyd.

Wilhelm Bleek, soan fan in teolooch, studearre fan 1845 oant 1848 teology yn Bonn, mar gie doe nei Berlyn om Hebriuwsk te learen. Hy wie in learling fan Karl Richard Lepsius. Syn dissertaasje fan 1851 gie oer nominaalklassen. 1853 gie er as taalûndersiker nei Súd Afrika. Dêr die er fergelykjend taalûndersyk nei Bantû- en Koisan talen. Hy skreau ûnder oaren in grammatika foar de Sûlûtaal en in analise fan de mominaalklassen yn de ferskate Bantûtalen.

Bleek stoar oan tuberkuloaze yn de âldens fan 48 jier. Hy kaam te hôf yn Wynberch, Kaapstêd, dêr't twa fan syn earder stoarne bern al leine.

Bleek syn stúdzje fan de |Xam-taal en -literatuer waard fuortset troch Lucy Lloyd, mei stipe fan syn frou Jemima en syn dochter Dorothea († 1948).

Lucy Lloyd

Bleek's earste kontakt mei de Boskjemannen of San wie yn 1857 mei finzenen op Robbeneilân de finzenis fan Kaapstêd. Hy ynterviewde in pear fan dy lju en brûkte dy feiten yn lettere publikaasjes. Bleek woe harren taal leare en syn fynsten ferglykje mei it bytsje wat al oer dy taal bekend wie.

Yn 1863 kaam Bleek yn ’e kunde mei trije oare feroardielde San. Twa fan dizze minsken kamen by de húshâlding Bleek yn. Mei harren help koe Bleek in list fan wurden en sinnen yn it /Xam gearstalle. It measte dêrfan waard levere troch in Boskjeman dy't Adam Kleinhardt neamd waard.

Yn 1870 hearden Bleek en Lloyd, dy’t no tegearre oer it taalprojekt gear wienen, fan in groep fan 28 Sanfinzenen yn de Breakwaterfinzenis en krigen tastimming om ien fan har yn de húshâlding fan Bleek yn Mowbray op te nimmen om sa taal en kultuer better bestúdearje te kinnen. De kapelaan fan de finzenis keas de jongfeint |a!kunta, dy’t feroardiele wie foar it deasjitten fan in Boer. Ut reden fan syn jeugd wie dy lykwols net sa goed mear op de hichte fan de folkloare fan syn folk dat hy waard ferfongen troch in âldere man, dy’t ek by Bleek yn de hûs kaam te wenjen. Dizze ||kabbo waard Bleek en Lloyd's har earste wiere learaar. Yn de rin fan de tiid kamen ek oare leden fan ||kabbo's famylje, en oare Sanfamyljes, by Bleek en Lloyd yn Mowbray yn en waarden troch har ynterviewd. In protte fan dizze |xam-sprekkers wiene oan elkoar besibbe. Bleek en Lloyd koene sa hieltyd mear wurden, sinnen en letter ek ferhalen oer leauwe, skiednis en gewoanten opskriuwe út in kultuer dy’t hurd oan it ferdwinen wie, omdat de Boeren it lân fan de San ynnommen en ôffreden. Ynformanten en ûndersikers wisten dat it benei dien wie mei de âlde Sankultuer.

Bleek en Lloyd besochten om safolle mooglik antropologyske en etnyske feiten fêst te lizzen. Ek genealogyen, berteplakken, gewoanten en deistich libben fan de ynformanten waarden notearre. Der waarden ek foto's makke fan - en mjittingen dien oan dizze minsken sa’t wittenskiplik ûndersyk it doetiids hawwe woe.

Hoewol’t Bleek en Lloyd en ferskate San ûnderfrege hawwe yn 1875/76, kaam de measte ynformaasje fan seis Boskjemannen.

Bleek skreau in tal raporten oer taal, ferhalen en folkloare fan de San dy’t er nei de Cape Secretary for Native Affairs stjoerde. Syn bedoeling wie om sa jildlike stipe foar syn ûndersyk te krijen, mar ek om it Ingelske koloanjale regear bewust te meitsjen fan de needsaak om de kultuer fan de Boskjemannen te behâlden as wichtich ûnderdiel fan it erfskip en de tradysjes fan de Súd-Afrikaanske naasje.

  • Handbook of African, Australian and Polynesian Philology. (3 Bänn) Kaapstêd - Londen, (1858-63)
  • A Comparative Grammar of South African Languages. London, Trübner & Co. (1862: Teil I; 1869: Teil II)
  • Reynard the Fox in South Africa; or Hottentot Fables and Tales. Londen, Trübner & Co. (1864)
  • Über den Ursprung der Sprache. (mei foarwurd fan Dr. Ernst Haeckel.) Weimar, H. Böhlau (1868)
  • Specimens of Bushman Folklore. (Wilhelm Bleek en Lucy Lloyd) Londen, G. Allen (1911)
  • Otto H. Spohr: Wilhelm Heinrich Immanuel Bleek, a bio-bibliographical sketch. Kaapstêd, University of Cape Town Libraries (1962)
  • Walter Köppe: Philologie im südlichen Afrika: Wilhelm Heinrich Immanuel Bleek (1827-1875). Tydkrift foar Germanistyk, Neue Folge 3 (1998)
  • Konrad Körner: Linguistics and evolution theory. (Trije essees fan August Schleicher, Ernst Haeckel en Wilhelm Bleek) Amsterdam-Philadelphia, John Benjamins Publishing Company (1983)

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]