William Gouge (1575-1653) wie in geastlike en skriuwer. Hy wie fan 1608 ôf, 45 jier lang dûmny-predikant yn de St Ann Blackfriars en in lid fan de Synoade fan Westminster fan 1643 ôf.
Hy waard berne yn Stratford-le-Bow, Middlesex yn Ingelân en doopt op 6 novimber 1575. Hy folge syn oplieding op Felsted, St. Paul's skoalle, Eton Kolleezje, and King's Kolleezje yn Cambridge. Hy studearre yn 1598 ôf as B.A. en krige yn 1601 syn M.A.
Ear't er nei Londen gie wie er in meiwurker en sprekker op Cambridge. Fanwege syn foarspraak foar it Ramisme yn stee fan de traditsjoniele metoaden fan Aristoteles kaam it hast ta in opstân. (Dit ferhaal oer Gouge, dy't spruts oer de logika, wurd neamd yn de Logic and Rhetoric in England 1500-1700 (1956) fan Wilbur Samuel Howell as in ferslach fan Samuel Clark en is net dúdlik datearre.