Ynternasjonaal Fantasy-filmfestival fan Kataloanje | ||
De edysje fan 2009. | ||
plak en tiid | ||
lân | ![]() | |
aut. mienskip | ![]() | |
plak | ![]() | |
tiid fan it jier | begjin oktober | |
bysûnderheden | ||
ôfkoarting | FICFC | |
soarte evenemint | filmfestival | |
sjenre | fantasy | |
bestean | 1967 – no | |
offisjele webside | ||
sitgesfilmfestival.com |
It Ynternasjonaal Fantasyfilmfestival fan Kataloanje (Spaansk: Festival Internacional de Cine Fantástico de Cataluña; Katalaansk: Festival Internacional de Cinema Fantàstic de Catalunya), ôfkoarte ta FICFC, is in filmfestival dat elts jier oan it begjin fan 'e moanne oktober organisearre wurdt yn 'e Spaanske stêd Sitges, yn 'e autonome mienskip Kataloanje. It festival wurdt dêrom ek wol it Filmfestival fan Sitges of it Ynternasjonaal Filmfestival fan Sitges neamd. It evenemint bestiet sûnt 1967 en jout, sa't de namme al oantsjut, benammen (mar net útslutend) omtinken oan fantasyfilms.
It Ynternasjonaal Fantasyfilmfestival fan Kataloanje waard yn 1967 oprjochte, en de earste edysje waard it jiers dêrop holden, yn 1968. De lokaasje fan it evenemint is it baaiplak Sitges, dat 34 km besuden Barcelona oan 'e kust fan 'e Middellânske See leit, en dat fan Barcelona út maklik berikber is mei it spoar. De wichtichste lokaasje fan it festival it Auditori ("Auditoarium") yn it Hotel Melià Sitges, in filmseal dy't in publyk fan 1.384 persoanen hâlde kin. It Ynternasjonaal Fantasyfilmfestival fan Kataloanje makket dêrnjonken gebrûk fan noch acht oare filmsealen, ferspraat oer Sitges.
De Gorilla's binne de offisjele prizen fan it Ynternasjonaal Fantasyfilmfestival fan Kataloanje. Op it festival wurde de folgjende prizen útrikt:
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side. |