Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver | ||
plak en tiid | ||
lân | Kanada | |
provinsje | Britsk-Kolumbia | |
plak | Vancouver | |
holden yn | it VIFF Centre | |
tiid fan it jier | septimber / oktober | |
bysûnderheden | ||
oare namme | Vancouver International Film Festival | |
ôfkoarting | VIFF | |
soarte evenemint | filmfestival | |
bestean | 1958 – 1969 & 1982 – no | |
org. troch | Greater Vancouver Inter- national Film Festival Society | |
offisjele webside | ||
www.viff.org |
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver (Ingelsk: Vancouver International Film Festival), gauris ôfkoarte ta VIFF, is in filmfestival dat elts jier oan 'e ein fan septimber en it begjin fan oktober oer in perioade fan twa wiken holden wurdt yn 'e Kanadeeske stêd Vancouver. It evenemint fûn foar it earst plak yn 1958. De organisaasje is yn 'e hannen fan 'e Greater Vancouver International Film Festival Society. Sûnt 2005 fynt it festival plak yn it spesjaal derfoar boude VIFF Centre. It Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver heart ta de top 5 fan 'e grutste filmfestivals fan Noard-Amearika.
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver hat yn haadsaak trije programplatfoarmen: Eastaziatyske films, Kanadeeske films en dokumintêres. Njonken de eigentlike filmfertoanings omfettet it festival ek lêzings, publyk tagonklike paneldiskusjes, workshops, optredens en oare spesjale evenminten. It wichtichste diel fan it Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver wurdt holden yn it VIFF Centre, oan Seymour Street, dat yn 2005 spesjaal foar dat doel boud waard. Der binne lykwols ek filmfertoanings yn it ramt fan it festival yn beskate oare bioskopen yn Vancouver. It filmfestival wurdt organisearre trocht de Greater Vancouver International Film Festival Society, dy't ek it jier rûn filmfertoanings hâldt yn it Vancity Theatre en it Lochmaddy Studio Theatre, twa filmsealen dy't diel útmeitsje fan it VIFF Centre.
It Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver waard foar it earst yn 1958 holden. Nei't it geandewei de twadde helte fan 'e 1960-er jierren te lijen krigen hie ûnder finansjele en bestjoerlike swierrichheden, waard it lykwols nei ôfrin fan 'e edysje fan 1969 opdoekt. Yn 1982 waard troch Leonard Schein de Greater Vancouver Film Festival Society oprjochte, dy't it filmfestival dat jiers nij libben ynblies yn syn hjoeddeistige foarm.
Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver wurde tsjintwurdich yn tsien filmsealen films fertoand út 'e hiele wrâld. Trochinoar komme dy út sa'n 73 lannen en territoaria. It is ien fan 'e fiif grutste filmfestivals yn Noard-Amearika. Yn 2016 wiene der 133.000 besikers, dy't ôfkamen op 'e fertoanings fan 324 ûnderskate films.
Op it Ynternasjonaal Filmfestival fan Vancouver wurde gâns prizen útrikt. Guon dêrfan wurde takend troch in faksjuery en oaren binne publyksprizen.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|