| |||||
Gemeente | Súdwest-Fryslân | ||||
Ynwennertal (2003) | 656 | ||||
Webstee | Doarspsside fan Ysbrechtum |
Ysbrechtum is in doarp yn de gemeente Súdwest-Fryslân, mei 656 ynwenners (1 jannewaris 2003). Oant 2011 hearde it doarp by de eardere gemeente Snits. Oant de gemeentlike weryndieling yn 1984 makke Ysbrechtum diel út fan de âlde gemeente Wymbritseradeel.
Ysbrechtum leit westlik fan de stêd, oan de wei fan Snits nei Boalsert. Ta it gebiet fan Ysbrechtum heart ek de buorskip Pophoarne. Ek it buorskip Bons hearde ta dit gebiet, mar hjir leit no it Snitser yndustrygebiet De Himmen.
It doarp wurdt it earst neamd yn 1270, yn it Boalserter tsjerkelist, mar dy tsjerke moat noch âlder wêst hawwe, faaks út de 11e iuw, dat it doarp sil grif ek sa âld wêze. Foar de gemeentlike weryndieling fan 1984 wie Ysbrechtum part fan Wymbritseradiel. Yn it doarp stiet it slot Epemastate, fan 1651 oant 1850 de wente fan grytmannen fan Wymbritseradiel.
Even ten easten fan Ysbrechtum stiet ek in Amerikaanske wynmotor.
Utgongspunt foar it ûntwerp fan it doarpswapen en de doarpsflagge fan Ysbrechtum wie de namme fan it doarp.
De gaffel doelt op de earste letter fan it doarp, mar kin ek sjoen wurde as de splitsing fan wegen yn it doarp: nei Nijlân, Snits en Skearnegoutum.
Omschrijving fan it wapen: Omkeard matele: boppen fan blau, beladen mei in lizzende wassenaar fan sulver, ûnder fan read en oer alles hinne in gaffel fan goud, mei twa ôfskuorde, tadraaide reagerkoppen fan sulver, oan beide kanten fan de gaffel ien.
It foarkommen fan in reagerkoloanje, dy't yn 1976 al langer as fyftich jier yn de bosk by Epemastate tahâlde, wie oanlieding it in plak yn it wapen te jaan. De reagerkoppen symbolisearje dizze koloanje.
De kleur read symbolisearret it doarp sels. Geografysk wurdt de bebouwing nammmentlik altiten foarsteld troch read.
In oar útgongspunt wie Epemastate, dat it doarpsbyld bepaalt.
Neffens it stimkohier wie yn 1640 de hear Gravius de eigener-bewenner. It wapen fan de famylje Gravius yn blau in lizzzende wassenaar (healve moanne) fan sulver, by trije seispuntige stjerren fan goud, twa yn it syldhaad en ien yn de foet, is as ien fan de gearstallende dielen fan it doarpswapen keazen.
De kleur blau boppe de gaffel mei de wichtichste wapenfiguer út it wapen Gravius, de lizzende wassenaar fan sulver, binne hjiroan ûntliend. It goud fan de gaffel komt út it wapen dan de Burmania's; it earste en fjirde kertier en de klaveren binne fan goud.
It doarpswapen en de daorpsflagge fan Ysbrechtum binne yn 1976 ûntwurpen troch de Fryske Rie foar Heraldyk op fersyk fan de feriening foar doarpsbelangen, Doarpsrûnte.
De ferdieling en de kleuren fan it skyld foarmje de basis foar de flagge. De giele leelje yn de blauwe trijehoek symbolisearret de ferbûnenens fan it doarp mei de gemeente Wymbritseradiel, dêr't Ysbrechtum yn 1976 diel fan útmakke.
It wichtichste symboal fan it gemeentewapen fan Wymbritseradiel is de leelje.
De omskriuwing fan de flagge is: Read mei in blauwe broekingstrijehoek en oanslutend in giele gaffel, de boppeside nei de broeking keard, wêrfan de dikte fan de earms 1/4 fan de flaggehichte bedracht en op it blau in giele leelje.
Doarpshûs is It Nije Formidden. De Doarpsrounte is de feriening foar doarpsbelangen dy't sûnt 1977 ek it krantsje Bronbankpraat ferskine lit. VVV is de stifting foar doarpsfermaken. De Epemaskoalle is de basisskoalle fan it doarp.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|