AVN Adult Entertainment Expo | ||
plak en tiid | ||
lân | Feriene Steaten | |
steat | Nevada | |
plak | Las Vegas | |
holden yn | Hard Rock Hotel and Casino | |
tiid fan it jier | jannewaris | |
bysûnderheden | ||
oare namme | AVN Expo | |
ôfkoarting | AEE | |
soarte evenemint | konvinsje / fakbeurs | |
sjenre | pornografy | |
bestean | 1998 – no | |
org. troch | AVN (tydskrift) | |
offisjele webside | ||
adultentertainmentexpo.com |
It AVN Adult Entertainment Expo (offisjele ôfkoarting: AEE), yn 'e regel koartwei it AVN Expo neamd, is in konvinsje en fakbeurs fan 'e pornoyndustry yn 'e Feriene Steaten, dy't sponsore wurdt troch it tydskrift AVN. De term adult entertainment ("folwoeksen fermaak" of "fermaak foar folwoeksenen") is in Amerikaansk-Ingelsk eufemisme foar 'pornografy'. It AVN Adult Entertainment Expo wurdt elts jier yn jannewaris holden yn Las Vegas, yn 'e Amerikaanske steat Nevada. It is it grutste evenemint fan syn soarte yn 'e Feriene Steaten. Oan 'e edysje fan 2007, dy't besocht waard troch mear as 30.000 minsken, diene 355 bedriuwen mei.
It AVN Adult Entertainment Expo is in fjouwerdeisk evenemint fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. It is sawol in konvinsje dy't iepen is foar it publyk, as in fakbeurs dy't inkeld foar tagonklik is foar lju dy't yn 'e pornobrâns wurkje. De fakbeurs beslacht de earste beide dagen, as bedriuwen út 'e sektor ûnderling kontakten lizze en hannel driuwe. De oare beide dagen wurdt it evenemint (alteast in diel fan 'e dei) iepensteld foar (beteljende) besikers. Kaartsjes waarden foar it AVN Adult Entertainment Expo fan 2020 ferkocht foar prizen fanôf $65.
Dy besikers binne foar it meastepart fans dy't om sûvenirs, oare snypsnaarkes en produkten komme, en ek foar hantekenings en om op 'e foto te kinnen mei pornoaktrises. Frijwol alle wichtige pornostjerren binne nammentlik op it AVN Adult Entertainment Expo oanwêzich foar meet-and-greets mei harren trouwe fans. Njonken fans komme der ek in protte media op 'e konvinsje ôf. Op 'e ôfslutende jûn fan it evenemint fynt de útrikkingsseremoanje fan 'e AVN Awards plak, prestizjeuze prizen dy't ferlike wurde kinne mei de Oscars yn 'e mainstream-filmyndustry.
It AVN Adult Entertainment Expo waard yn 1998 foar it earst organisearre op inisjatyf fan AVN, it wichtichste tydskrift fan 'e Amerikaanske pornoyndustry. De edysje fan 1998 en de byhearrende útrikking fan 'e AVN Awards wiene it ûnderwerp fan it artikel Neither Adult Nor Entertainment fan David Foster Wallace, dat publisearre waard yn it blêd Premiere. It waard letter útwreide en werútjûn as Big Red Son, it earste essay yn Wallace syn bondel Consider the Lobster.
Oant en mei 2011 waard it AVN Adult Entertainment Expo altyd yn it Sands Expo and Convention Center holden, tagelyk mei de Consumer Electronics Show. Yn 2012 waard it foar de earste kear holden yn it Hard Rock Hotel and Casino, dêr't it sûnt altyd organisearre is. It fynt sûnt ek altyd ien wike nei de Consumer Electronics Show plak, om 'e kosten te minimalisearjen en de netwurkkânsen te maksimalisearjen foar bedriuwen dy't oan beide konvinsjes meidogge.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|