Ai Tominaga

Ai Tominaga
akteur
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ai Tominaga
nasjonaliteit Japansk
berne 1 augustus 1982
berteplak Sagamihara (Japan)
etnisiteit Japansk
jierren aktyf 2000 – no
offisjele webside
www.tominagaai.net

Ai Tominaga (Sagamihara, prefektuer Kanagawa, 1 augustus 1982) is in Japansk model en aktrise.

Sy ferkynde op de omslach fan Vogue yn har heitelân en op de catwalk foar ûnder oaren John Galliano, Vivienne Tam, Anna Sui, Christian Dior, Karl Lagerfeld, Gucci, Michael Kors, Ralph Lauren, Dolce and Gabbana, Givenchy, Elie Saab, Alexander McQueen en Valentino. Tominaga hat yn tal fan moadeblêden te sjen west, lykas Vogue (yn Amearka, Frankryk, Grut-Brittanje, Japan, Ruslân en Dútslân), Harper's Bazaar, i-D en waard fotogravearre troch fotograven mei in protte ynfloed sa as Annie Leibovitz, Nick Knight, Steven Meisel, Ellen von Unwerth, Mert and Marcus en Peter Lindbergh. Earder hie se al in grutte rol yn reklamekampanjes foar Yves Saint Laurent (mei topmodellen Jacquetta Wheeler, Carmen Kass en Caroline Ribeiro), Gucci, Hermès, Tag Heuer, Banana Republic, en se is no it gesicht fan Moschino. Yn 2004 stie hja op de Pirelli-kalinder.

Ai boaske yn 2004 oan in Japanske sjef-kok en krige in soan yn 2005.[1][2] It pear gie út elkoar yn 2009.[3][4][5][6][7]

Keppelings om utens

[bewurkje seksje | boarne bewurkje]

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  1. 冨永愛、「土下座」離婚報道 本人はブログで否定, sjoen 2009-07-04, skriuwer MSN産経ニュース
  2. 冨永愛が離婚…できちゃった格差婚から5年, 2009-07-04, auteur SANSPO.COM
  3. 冨永愛 紀里谷氏との交際は否定も「特定の人いる」 - SponichiAnnex 2011年1月15日
  4. 紀里谷和明 冨永愛との熱愛報道「事実じゃない。残念!」 - J-CASTニュース 2010年11月17日
  5. 冨永愛 塩谷瞬との熱愛報道を否定「友情は友情でしかなく」 - - SponichiAnnex 2012年4月23日
  6. 富永愛、塩谷瞬との熱愛「恋愛に発展しかけたけど、熱愛の事実はありません」 - J-CASTニュース 2012年4月24日
  7. 冨永愛“二股男”塩谷瞬に怒り!恋愛も封印 - デイリースポーツ 2012年4月28日