Airspeed Horsa | |
---|---|
Rol | Sweeffleantúch foar troepe- en frachtferfier |
Makker | Airspeed |
Earste flecht | 12 septimber 1941 |
Yn tsjinst | 1941 |
Ut tsjinst | 1945 |
Tal makke | >3.600 |
Brûkers | Army Air Corps, United States Army Air Forces |
De Airspeed Horsa wie in sweeffleanmasine dy't yn de Twadde Wrâldkriich ferskate kearen op grutte skaal ynset is by alliearde loftlâningsoperaasjes.
De Horsa waarden trije ferzjes fan boud; de AS51 Horsa 1, de AS52 en de AS58 Horsa 2.
Der waarden totaal 3.600 - 3.750 stiks fan boud. Dy binne allegear ferlern gien by operaasjes. De yn museums opstelde eksimplaren binne sekuere replika's; de boutekeningen binne nammentlik noch altyd ta foldwaan.
De Horsa waard ynset:
It freem fan in Horsa bestie út 30 aparte dielen dy't foar it grutste part fan hout makke wiene. De firma Airspeed hie dêrfoar in spesjale houtbewurkingsôfdieling yn it wurk. De dielen waarden by ferskate RAF-ûnderhâldswerkplaatsen gearstald ta komplete tastellen, dy't útrisd wienen mei allinne de alderneedsaaklikste ynstruminten. Der waard nammentlik op rekkene dat sa'n tastel mar ienris brûkt wurde soe; it soe by de lâning wol sa skansearre reitsje dat it ôfskreaun wurde koe. De ynstruminten wienen in loftsnelheidsmeter, in sleepkabelyndikator, in hichtemeter en in meter dêr't de hoekeôfwiking t.o.f. de horizon mei ôflêzen wurde koe. Dit lêste ynstrumint wie it wichtichste want it joech de fleander krekt foar de lâning de krekte horizontale wjukyndikaasje, nedich foar in feilige lâning.
De Horsa's waarden flein troch spesjaal oplate fleanders. Dit wienen allegear offisieren en ûnderoffisieren dy't sawol (sweef)fleander as ynfanterist wienen. Allegear hearden sy ta it Army Glider Pilot Regiment.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Airspeed Horsa fan Wikimedia Commons. |