Alexandra Dahlström (Gävle, 12 febrewaris 1984) is in aktrise fan Sweedsk en Russysk komôf.
Alexandra Dahlström waard ynternasjonaal ferneamd troch har rol as 'Elin' yn de film Fucking Åmål fan Lukas Moodysson út 1998. Sy wûn mei dy rol in Guldbagge Award foar 'Beste Aktrise', oars tegearre mei Rebecka Liljeberg.
Sûnt ein 2006 wennet Alexandra yn Rome om har aktearkarriêre in ferfolch te jaan.
Alexandra spile fan 5 oant 29 maart 2007 yn 11 ôfleveringen fan RTL 4 syn sjipperige GTST. Sy hie dêryn de rol fan de Sweedske útwikselingsstudinte Skylar Nilsson.[1] April 2008 kaam sy nochris werom, mar it soe by fjouwer ôfleverings bliuwe.
Dahlström einige yn 2006 har relaasje mei Roger Rodriguez. Dahlström en Rodriguez wienen oardel jier by elkoar (2005-2006).
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |